Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (73)

juny 29, 2019 08:46

https://heavenlynation.files.wordpress.com

De bêste plakken

Jakobus en Johannes freegje:
“Wy hawwe in winsk dy’t Jo wier meitsje kinne.”
Ik freegje:
“Wat wolle jim fan my?”
En se sizze:
“Lit ús beide aansen yn ’e himel lofts en rjochts njonken Jo sitte.”
Ik jou as antwurd:
“Jim witte net wat jim freegje. Kinne jim de beker drinke dy’t ik drink? Of doopt wurde mei de doop dêr’t ik mei doopt wurdt?”
“Dat kinne wy.”
“De beker dy’t ik drink, sille jim drinke en mei de doop dêr’t ik mei doopt wurd, sille jim ek doopt wurde. Mar it sitten lofts of rjochts is net oan my om te jaan. Dat hat myn Heit al fêstlein.”
Mar as de oare tsien apostels hearre wat Jakobus en Johannes frege hawwe, nimme se it har tige kwea ôf.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
juny 29, 2019 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.