Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (72)

juny 22, 2019 09:52

Oalje foar wa’t stjerre sil

Ofbylding: www.holyhome.nl

As ik yn Betanië bin, yn it hûs fan Simon de melaatske, lis ik oan op in bank by de tafel. Der komt in frou ta de keamer yn mei in albasten krûk fol mei kostbere oalje makke fan nardusmirre. Se brekt de tinne hals fan ’e krûk, jit de swietrokige oalje oer myn holle hinne, smart my dêrmei yn en salvet my.

Guon fine dat net goed en sizze tsjininoar:
“Dy frou fergriemt mirre, in lyts bytsje hie dochs wol genôch west?”
“Ja”, seit in oar, “se hie de mirre foar hûndert goudstikken ferkeapje kinnen en jou it jild oan earme minsken dy’t it nedich hawwe.

Mar ik sis tsjin harren:
“Lit har gewurde! Wêrom narje jim har? Se hat ommers wat goeds foar my dien? Earm folk is der altyd wol en jim kinne goede dingen foar de earmen dwaan wannear’t jim mar wolle, mar ik sil net altyd by jim wêze. Se hat dien wat se koe. Se hat my de lea mei oalje ynsmard en salve foar de begraffenis. En tink hjir mar ris om: oeral dêr’t it goede nijs fan it evangeelje brocht wurde sil, de hiele wrâld oer, dêr sille de minsken oan har tinke en prate oer wat se dien hat.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
juny 22, 2019 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.