Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (71)
Resint ferskynd
Haadstik 9 De nôtkerl moat stjerre

boarne: http://www.newrootsmaine.com
As de nôtkerl net stjert
Twa Griken geane nei Filippus ta dy’t sy út Betsaïda kenne en freegje him:
“Filippus, wy soene graach Jezus moetsje wolle.”
Filippus seit it tsjin Andreäs en tegearre freegje se it oan my. Ik sis lykwols:
“De tiid is kommen dat de Minskesoan ta majesteit ferheven wurde sil. Tink derom: as de nôtkerl net yn ’e ierde falt en stjert, bliuwt it in nôtkerl, mar as er stjert, draacht er frucht. Wa’t fan syn libben hâldt, ferliest it, mar wa’t yn dizze wrâld wearzget fan syn libben en feroaret, stapt it ivige libben yn.
Wa’t my tsjinnet, moat my folgje: dêr’t ik bin, sil myn tsjinstfeint ek wêze, en wa’t my tsjinnet, sil fan de Heit wurdearring krije. Feroarje dyn libben, wurd ien mei de Heit, al hoe benaud ast ek bist.






Wat betjût nôtkerl?