Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (70)

juny 8, 2019 11:06

ôfbylding: www.bijbelwoord

Tredde oankundiging fan it lijen

De autoriteiten oerlizze wat se dwaan sille. Se binne benaud dat der opskuor en trelit komme sil en dat de Romeinske besetters dan wraak nimme sille op it Joadske folk. Kajafas, de oanfierder, seit:
“It is yn ús belang dat ien minske stjert, sadat ús folk beholden bliuwt. Dat is better as dat it hiele folk útroege wurdt.”
En se stinne der op om wêr’t se my by de Romeinen fan beskuldigje kinne, oft it no wier is of net.

Ik fertel de learlingen: “Meikoarten sil ik útlevere wurde en yn ’e hannen falle fan ’e lju dy’t my deadzje wolle, en se sille nei my spuie en my ferachtsje en my fermoarzje, mar nei trije dagen sil ik út ’e dea opstean.

Ik sil de wil fan myn Heit dwaan. No bin ik deabenaud. Wat moat ik sizze? Heit, lit dizze beker oan my foarbygean? Mar dêr sil ik foar nei Jeruzalem ta gean. Dêr bin ik foar kommen, op dizze oere en dit plak. Lit aansen sjen hoe grut as jo namme is, Heit.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm
juny 8, 2019 11:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.