Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (69)

juny 1, 2019 06:55

De taak, it tametten part

Jan Frearks van der Bij, De likenis fan de talinten (keramyk, Broeksterwâld)

In baas giet op reis en jout elk fan ’e tsjinstfeinten in talint, in jildstik. As er weromkomt, freget er elk fan harren wat se mei har talint dien hawwe.
De earste tsjinstfeint seit:
“Ik haw der in grutte winst mei behelle.”
“Dat is in moai resultaat”, seit de baas. “Ik sil dy in hiel goed lean jaan.”
De twadde tsjinstfeint seit:
“Ik haw der in beskieden winst mei behelle.”
“Dat is in moai resultaat”, seit de baas. “Ik sil dy in goed lean jaan.”
De tredde tsjinstfeint seit:
“Ik haw myn talint begroeven en der neat mei dien want ik wie bang. Hjir is it werom.”
Dan wurdt de baas poerrazend.
“Ut myn eagen, luie tsjinstfeinst”, ropt er, “do hast my net goed tsjinne. Moatst woekerje mei it talint dat ik dy jûn haw.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.

 

juny 1, 2019 06:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.