Ekopaad op De Wierde foar better bioferskaat

juny 4, 2019 16:17

Op it Ekopark De Wierde op It Hearrenfean is juster it Ekopaad iepene. Op Ekopark ferwurket Omrin ôffal fan in miljoen húshâldingen. Omrin set him ek yn foar mear bioferskaat.

Omrin-direkteur John Vernooij mei deputearre Johannes Kramer en tusken harren yn Bijtske de Bij by de iepening fan it Ekopaad. (Foto Omrin)

It Ekopaad is ien fan de aksjes dy’t fuortkomt út it Bijepakt, dêr’t Omrim him yn maart oan ferbûn hat. It paad is makke fan natuerlik materiaal mei ûnder mear bije- en ynsektenhotels, in flinterhop-oer en in faunapassaazje. It sil in ûnderdiel wurde fan de rûnliedingen foar besikers. Op oare plakken fan it park wurde ek oanpassingen dien om it bioferskaat fuort te sterkjen. Omrin en tsiismakkerij Buorfrou Durkje sille mei-inoar gearwurkje troch skiep op it stoart rinne te litten.

Omrin is mear as in tradisjoneel ôffalbedriuw en stiet midden yn de mienskip. Mei-inoar de wrâld moaier en skjinner meitsje is it grutte doel fan it bedruw. Omrin rint foarop yn de sirkulêre ekonomy en wol dêrom ek aktyf bydrage oan bioferskaat.

juny 4, 2019 16:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.