Eineksamenwurk byldzjende foarming yn it Frysk Museum

juny 10, 2019 09:43

Fan 5 o/m 30 juny presintearret it Frysk Museum Eindwerk, begjin van nieuw talent. Foar it fjirde jier efterinoar lit it museum byldzjend eineksamenwurk sjen fan learlingen út it fuortset ûnderwiis yn hiel Fryslân. Dosinten byldzjende foarming hawwe in seleksje makke fan it meast ûnthjittende wurk fan learlingen fan harren skoalle. Dit jier melden 23 skoallen fan ferskate ûnderwiisnivo’s har oan. De presintaasje is te bewûnderjen op de mezzanine fan it Frysk Museum.

Frysk Museum (foto: Ruben van Vliet)

Sûnt 2015 kinne Fryske skoallen harren bêste eineksamenwurk ynstjoere foar de presintaasje yn it Frysk Museum. Dit jier waarden de gearstalling en katalogus fan de presintaasje fersoarge troch Bouraq, Lara, Marije, Ruth en Jan, studinten fan de dosinte-oplieding Byldzjende Keunst en Foarmjouwing fan de NHL Stenden Hegeskoalle. It projekt biedt harren in ynsjoch yn it proses fan de byldzjende eksamens, yn de rol fan útstallingsmakker. Troch gear te wurkjen mei studinten en learlingen makket it Frysk Museum in ferbining tusken it museum en de maatskippij.

Woansdeitemiddei 5 juny wie de iepening yn it bywêzen fan klassegenoaten, famylje, dosinten en oare belangstellenden. De Ljouwerter Krante bestege omtinken oan it projekt troch wurken apart te besprekken.

Foar de presintaasje wurkje it Frysk Museum, de Ljouwerter Krante de NHL Hegeskoalle mei-inoar gerar..

juny 10, 2019 09:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.