Earste mis yn Notre Dame nei grutte brân

juny 15, 2019 12:22

Sa’n tritich minsken meie hjoed 14 juny in mis bywenje yn de skansearre Notre Dame. Se moasten dêrby wol in bouhelm drage, want der is noch hieltyd ynstoartingsgefaar. Yn de katedraal yn Parys wurdt hjoed de earste mis opdroegen sûnt de brân fan twa moanne lyn. Op 15 april sloegen de flammen út it dak en de toerspits; dêrtroch gie in part fan it gebou ferlern.

Foto: pixabay

Alle jierren wurdt op 16 juny de ynwijing fan it alter fan de Notre Dame betocht. Dat barren, dat normaalwei drok besocht wurdt, woe aartsbisskop Michel Aupetit ek ûnder de hjoeddeiske omstannichheden mei in mis omklaaie.

De tsjerke sels is noch ferstoppe efter hege metalen stekken en net tagonklik foar publyk. Mar yn in kapel hielendal efteryn de Notre Dame mocht Aupetit in selekt selskip fan sa’n tritich minsken útnûgje. Dat binne prysters, mar ek wurklju dy’t al moannen yn de katedraal dwaande binne. En der binne trije sjoernalisten by fan de roomske telefyzjestjoerder KTO dy’t it barren streekrjocht útstjoert.

De mis is fan 18.00 oere ôf fia YouTube te folgjen.

Foar de restauraasje fan de katedraal is noch lang net genôch jild ynkaam. Hoewol’t sa’n 850 miljoen euro oan jeften tasein is troch partikulieren en bedriuwen, is pas tachtich miljoen echt binnen. In protte minsken soene besletten hawwe dochs net te jaan, doe’t se seagen dat der manmachtich tasizzings ynkamen. Guon golle jouwers soene wachtsje wolle mei harren donaasje oant it echte reparaasjewurk begjint. De Frânske minister fan Kultuer Franck Riester ropt minsken op om foaral dochs jild te donearjen.

juny 15, 2019 12:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.