Dweilorkest de Feintsjes wer Nederlânsk Kampioen Dweilorkesten

juny 10, 2019 09:52

Juster hat Dweilorkest ‘De Menaemer Feintsjes’ it Nederlânsk Kampioenskip Dweilorkesten yn Bemmel (Gld) mei sukses ferdigene. Sa’n fyftich orkesten moasten dêr fjouwer kear spylje. It waard al gau dúdlik dat it in spannend konkoers wurde soe.

Op ’e ein fan de dei waard de regearjend kampioen wer keazen as bêste orkest fan Nederlân. It joech in sterke muzikale show mei in protte enerzjy en ynteraksje, dat saweol op muzikaliteit as op amusemint waarden ‘De Feintsjes’ heech boardiele.

De Feintsjes waarden earder Nederlânsk Kampioen yn 2009, 2013 en 2018. Se waarden ek fjouwer kear Nasjonaal Kampioen.

De Feintses juster yn Bemmel (eigen foto)

juny 10, 2019 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.