Dirk Bruins nije foarsitter LTO Noard

juny 16, 2019 08:58

Freedtemiddei 14 juny is de hear Dirk Bruins (44) beneamd as nije foarsitter fan Lân- en Túnbou-organisaasje Noard. Bruins, melkfeehâlder yn Dwingeloo, nimt mei yngong fan 1 july oansteande de foarsittershammer oer fan Jakob Bartelds.

Dirk Bruins (foto: LTO Noard)

Trochbouwe op stevich fûnemint
“Dirk Bruins set útein yn in organisaasje mei in stevich fûnemint. Dat is te tankjen oan de ynset fan Jakob Bartelds. Jakob hat de ôfrûne trije jier de nedige rêst brocht en stjoerd op kontinuïteit fan de feriening mei in robúste bedriuwsfiering. It is aanst oan Dirk Bruins om as enerzjyk boechbyld mei fyzje en takomstbestindich liederskip troch te bouwen op dat stevige fûnemint.” Dat seit Eric Douma, foarsitter fan de betrouwenskommisje en ek fisefoarsitter fan LTO Noard. “Dirk Bruins past by de hjoeddeiske en takomstige opjeften fan LTO Noard, kin de linen útsette en lieding jaan oan fernijing yn ferbining.”

Foarút as grutske sektor
Dirk Bruins sjocht foarút op syn rol as boechbyld fan LTO Noard. “De wichtichste útdaging foar de kommende jierren is om goed yn ferbining te bliuwen mei partners en oare keatpartijen, mar foaral ek mei ús leden. Mei-inoar drage wy mei grutskens ús ferhaal út en krije we boargers as bûnsgenoaten en dêrmei hâlde wy de wurdearring fan ús sektor ûnfermindere heech. Sa kinne wy mei-inoar in sterke partner foarmje foar de útdagings dy’t op ús sektor ôfkomme. Tink dêrby oan de bydrage fan de agraryske sektor oan in CO2-neutrale maatskippij, it paad nei omrinlânbou, revolúsjonêre tylten en technologyske ûntjouwings en hokker rol wy dêryn as sektor en belangebehertiger ynnimme. Net folgjend, ôfwachtsjend, mar as sektor en organisaasje oan it stjoer stean”, seit Dirk Bruins.

juny 16, 2019 08:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.