Deputearren ferdiele provinsjale ûnderwerpen

juny 28, 2019 15:31

It nije kolleezje fan DS. F.l.n.r. KvdK Arno Brok, Douwe Hoogland, Avine Fokkens, Sander de Rouwe, Sietske Poepjes, Johannes Kramer

De ûnderwerpen dêr’t de provinsje oer giet, binne juster ûnder de deputearren ferdield. Dat barde yn de earste gearkomste fan it nije kolleezje fan Deputearre Steaten. Yn ferhâlding mei de foarriedige portefúljeferdieling binne der in pear feroaringen.

Sander de Rouwe (CDA) is deputearre fan ekonomy, de sinteraasje en sport. Yn syn portefúlje sitte fierder ûnder mear Iselmar, Europeeske fûnsen, kwaliteit lokaal bestjoer, finansjeel tafersjoch, Wynpark Fryslân en Campus Fryslân. Hy is de earste lokokommissaris.

Douwe Hoogland (PvdA) is deputearre fan feangreide, natuer, wetter en miljeu. Hy giet fierder ûnder mear oer boaiem, mynbou, de grûnbank sosjaal belied, sûnens en feiligens, tafersjoch en hanthavening.

Avine Fokkens (VVD) is de deputearre fan ferkear en ferfier, rekreaasje en toerisme, romte en bedriuwsfiering. Yn har portefúlje sit ûnder mear ek it Waad, de Ofslútdyk, organisaasje, de Fryske Akademy en Wetsus.

Johannes Kramer (FNP) is de deputearre fan lânbou, leefberheid en wenjen. Hy giet ûnder mear ek oer plattelânsbeliid, regionale gearwurking, it Iepen Mienskipsfûns, erfgoed, breedbân, jacht en Holwert oan See.

Sietske Poepjes (CDA) is deputearre fan klimaat, enerzjy en kultuer. Yn har portefúlje sitte fierder ûnder mear ûnderwiis en taal, Fryslân 2028, de hannelsmissys en it Waadfûns.

Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat ynterbestjoerlik tafersjoch, bestjoerlike fernijing, kommunikaasje, rykstaken en yntegriteit yn syn portefúlje.

Regina Bouius-Riemersma is as algemien direkteur fan de provinsje Fryslân sekretaris fan it kolleezje fan Deputearre Steaten.

juny 28, 2019 15:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.