De neilittenskip fan Erwin Olaf

juny 4, 2019 08:50 Fernijd

Fotograaf Erwin Olaf (60) wachtet in nij hichtepunt. Earder dit jier presintearre er syn wurk yn in grutte oersjochsútstalling yn it Haachsk Gemeentemuseum en Fotomuseum. Yn july folget it Ryksmuseum mei in greep út syn bêste foto’s; ûnderdiel fan in kolleksje fan 500 ikoanyske foto’s dy’t Olaf oan it museum oerdroegen hat.

Erwin Olaf (foto: NTR)

Nea earder krige in noch libjende keunstner de wissichheid dat syn wurk op dy wize foar in protte generaasjes te sjen bliuwt. Foarôfgeand oan de útstalling yn it Ryksmuseum stjoert de NTR yn Het Uur van de Wolf de dokumintêre Erwin Olaf – The Legacy út fan sineast Michiel van Erp.

No’t syn keunstnerskip grut fierd wurdt en syn neilittenskip boarge is, stiet Erwin Olaf foar talleaze fragen en dilemma’s. Wat hat de betsjutting fan syn karriêre west? Is syn wurk fan wearde, en is dat yn ’e takomst ek noch sa? Hat syn keunstnerskip fan nut west? En dêrmei syn libben? Hat er dêrfoar dien?

Just yn dit jier liket Erwin Olaf brekberder as ea: hy hat progressive longemfyseem, sadat er sunich mei syn enerzjy omgean moat. En wylst syn mem op stjerren leit, wurket de keunstner yn syn Amsterdamske studio en yn Palm Springs (USA) oan nije fotoprojekten, dy’t tematysk by syn libbensfaze oanslute.

De dokuminêre giet oer de wrakseling fan in ferneamd keunstner, dy’t op it toppunt fan syn rom – mei pine yn it hert – de balâns oan it opmeitsjen is fan in libben lang hurd wurkjen. En waans oeuvre – krekt op it goede momint – foar de neiteam boarge wurdt.

Regisseur: Michiel van Erp
Produsint: De Familie Film & TV

Utstjoering: moandei 24 juny, 20.30 uur by de NTR op NPO 2

juny 4, 2019 08:50 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.