De fytsfreonlikste stêden fan Nederlân en Europa

juny 1, 2019 08:42

De stêd mei de measte meters fytspaad de ynwenner

De fyts is in ûnmisber, duorsum en sûn ferfiermiddel dat ús oeral hinne bringt. Yn Nederlân binne sa’n 22,8 miljoen fytsen, dat is goed 1,3 fyts de ynwenner. Foar toeristen is it hieltyd nijsgjirriger om stêden op twa tsjillen te ferkennen. In protte gemeenten spanne har yn om harren stêden út te rissen mei de nedige fasiliteiten en ynfrastruktuer om in feilich, komfortabel en effisjint gebrûk te befoarderjen.

Foto: Holidu

Op moandei 3 juny is it nasjonale fytsdei. Dat wie foar Holidu, de sykmasine foar fakânsjeferhier, in moaie gelegenheid om te ûndersykjen hokker stêden de heechste tichtheid oan fytspaden hawwe. Ut it ûndersyk docht bliken dat de lytsere stêden folle “fytsfreonliker” binne as de grutte. Der is ek sjoen hoe’t de Europeeske haadstêden mei-inoar konkurrearje. It tal meter fytspaad de ynwenner yn Europa stelt net folle foar neffens de hege oantallen yn de Nederlânske stêden.

Nûmer 1: Oss, 2,97 meter fytspaad de ynwenner
It Brabânske Oss is ta winner kroand mei 2,97 meter markearre fytspaden de ynwenner. Mei 227 km oan fytspaad kin men de stêd moai op ’e fytst ûntdekke. Bring bygelyks in besite oan it Jan Cunenmuseum, dêrnei fytst men sa troch nei it kultuerpoadium de Groene Engel. Efkes bûten de stêd leit de boartersbosk Herperdún, dêr’t de bern har efkes útlibje kinne. Yn en om de stêd hinne wurde geregeld natuerfytstochten organisearre troch it IVN.

Nûmer 2: Apeldoarn, 2,89 meter fytspaad de ynwenner
Apeldoarn stiet op it twadde plak mei mar leafst 466 km markearre fytspaden yn de stêd. Men kin yn de stêd in hearlike kombinaasje meitsje fan kultuer en natuer. Apeldoarn leit oan de râne fan de Feluwe, dêr’t ferskate fytsrûtes trochhinne rinne. Bygelyks de Oranjerûte troch it sintrum fan Apeldoarn en by Paleis it Loo lâns. Of hâld skoft by de Apenheul oan de westkant fan de stêd. Foar mear ynformaasje ûnder it fytsen is de Fytsgilde oan te rieden.

Foto: Wikimedia Commons/Jean Housen – lisinsje CC BY-SA 4.0

Nûmer 3: Ljouwert, 2,44 meter fytspaad de ynwenner
Ljouwert hat in prachtige histoaryske binnenstêd, dy’t op ’e fyts tige goed te ûntdekken is. Fyts bygelyks by de paleizen it Prinsessehôf en it Stedhâlderlik Hôf lâns. Op de stedsgrêft komme in protte lytse winkelstrjitsjes út, goed om efkes ôf te stappen en deryn op te gean. Yn totaal telt Ljouwert 223 km oan fytsstripen. De nûmer trije út de list wol him graach noch fierder ûntwikkelje. It kolleezje fan B&W fan Ljouwert is fan doel om it fytsnetwurk noch robúster te meitsjen troch snelfytswegen oan te lizzen nei omlizzende stêden.

Op nûmer 4 fan de list stiet Dimter mei 2,39 meter fytspaad de ynwenner en op nûmer 5 Amstelveen mei 2,14 meter fytspaad de ynwenner.

Top 10 Europa
Hielendal boppeoan stiet Helsinki op it earste plak, mei 2,05 meter fytspaad de ynwenner en in yndrukwekkend totaal fan 1301 kilometer oan fytspaden. De Finske haadstêd wurdt folge troch Stockholm mei 1 meter de ynwenner en yn totaal 913 km oan fytspaden. Ticht dêrefter folget Amsterdam en dat kin net oars: de Nederlânske haadstêd hat yn totaal 858 km oan fytspaden, dy’t 0,99 meter de ynwenner bedrage.

Undersyksmetoade
De list is gearstald op basis fan gegevens út Open Street Maps fan maaie 2019, rekken hâldend mei de 37 grutste stêden fan Nederlân (ynwenneroantal boppe 75.000). It totale oantal kilometers fan alle fytsstripen dy’t sa op it platfoarm labele binne, is berekkene. De subkategoryen, dy’t by in hânmjittige kontrôle ûnjildige resultaten opleveren, binne der útfiltere. Allinnnich fytspaden/stripen dy’t binnen de linen fan de stêd rinne, lykas dy op it platfoarm tekene is, kamen yn ’e beneaming. Alle resultaten fan in stêd binne byinoar opteld en de ferhâlding yn meters de ynwenner is berekkene. Stêden mei minder as 75.000 ynwenners en gewoane wegen sûnder spesjale markearrings binne bûten beskôging litten. Strjitten of wegen dêr’t oan wjerskanten in fytsstripe of fytspaad oanlein is, binne ôfsûnderlik meiteld.

juny 1, 2019 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.