David Bowie’s Lazarus yn 2020 nei MartiniPlaza

juny 18, 2019 09:25

Lazarus, it lêste masterwurk fan popstjer, keunstner, stylikoan en fenomeen David Bowie, is yn maaie 2020 te sjen yn Bowiestêd Grins. Yn earste ynstânsje soe Lazarus oant ein desimber allinnich te sjen wêze yn it DeLaMar Teater yn Amsterdam. De belangstelling is lykwols sa enoarm, dat de foarstelling mei trije moanne ferlinge is yn Amsterdam en eksklusyf no ek foar Noard-Nederlân te sjen is yn it teater fan MartiniPlaza.

David Bowie’s lêste, meislepende masterwurk
Yn desimber 2015 belibbe de ûngenêslike sike Bowie de premjêre fan it stik, in moanne letter ferstoar er. Lazarus is syn testamint, syn muzikale totaalkeunstwurk. It muzykblêd Rolling Stone bejubele Lazarus as “Wild, fantastical, eye-popping. A surrealistic tour de force.”

Lazarus is in mysterieuze, oangripende emosjonele achtbaan. Oars as wat je ea seagen. Yn de produksje moetet men Bowie’s alter ego, Thomas Newton (Gijs Naber), dy’t jin meinimt troch syn libben, dreamen en obsesjes. In reis dy’t omliste wurdt troch hits as ‘Absolute Beginners’, ‘Changes’, ‘Heroes’ en ‘This is not America’. It nûmer ‘Lazarus’, dat op Bowie’s alderlêste album Blackstar útbrocht is, is ek te hearren.

Tegearre mei Ivo van Hove
Lazarus is de kâns om de skeppende krêft fan de fassinearjende artyst te sjen, te hearren en te fielen. Bowie kreëarre it stik tegearre mei Ivo van Hove. Van Hove, regisseur en direkteur fan Internationaal Theater Amsterdam, makke foarstellings mei topakteurs as Jude Law en Bryan Cranston, dy’t oer de hiele wrâld prize waarden.

It stik wurdt yn Nederlân produsearre troch Stage Entertainment Nederlân yn gearwurking mei Robert Fox en Jones/Tintoretto Entertainment en The New York Theatre Workshop.

Lazarus is fan 13 oant en mei 31 maaie 2020 yn MartiniPlaza te sjen. De kaartferkeap set útein op tiisdei 18 juny om 10.00 oere fia www.martiniplaza.nl.

juny 18, 2019 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.