D.A. Tammingapriis foar Baukje Zijlstra

juny 2, 2019 11:00

LJOUWERT – Baukje Zijlstra (1967) fan Frjentsjer kriget de D.A. Tammingapriis foar har romandebút De koma-korrektor. De priis, in jildbedrach fan 3000 euro en in oarkonde, sil har op 21 juny útrikt wurde yn Tresoar.

Baukje Zijlstra

It is de twadde kear dat de Tammingapriis foar in proazadebút takend wurdt. Yn 2014 wûn Ale S. van Zandbergen de priis foar de roman Littenser Merke. Yn 2016 gong de priis nei in poëzydebút, leech hert yn nij jek fan Geart Tigchelaar.

De sjuery, besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet, keas De koma-korrektor út tsien proazadebuten dy’t tusken 2014 en 2019 ferskynd binne. Yn de roman De koma-korrektor komme neffens de sjuery ferskate ferhaallinen nei foaren; “Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy’t de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt. (…) It is knap hoe’t se it gauris swiere ûnderwerp fan in Yndië-ferline tagonklik makket foar de lêzer.”

De D.A. Tammingapriis, neamd nei de skriuwer en taalkundige Douwe Annes Tamminga (1909-2002) en bestuivere út it fûns fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), is yn it plak kommen fan de provinsjale Fedde Schurerpriis, dy’t yn 2012 foar de lêste kear útrikt waard.

juny 2, 2019 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.