Bysûnder konsert yn Burchwert

juny 13, 2019 08:52

Burchwert, Johannestsjerke (foto Wikimedia Commons © Jan Dijkstra)

Op freed 21 juny is der in oargelkonsert yn Burchwert. Oargelist en dirigint Eddy Mul út Roodeschool bespilet dan de beide oargels fan de Jehannestsjerke.
It tematysk programma is ôfstimd op de tiid fan it jier, de wiken nei de Pinkster.

Mul spilet earst op it Adema-húsoargel, in hiel bysûnder ynstrumint. (www.itnijs.frl/2018/06/adema-husoargel-yn-de-jehannestsjerke-fan-burchwert)
Yn ’e twadde helte fan it konsert sil er spylje op it okkerjiers restaurearre Schwartzburg-oargel, ien fan de moaiste oargels op dit stuit yn Fryslân.

Tuskentroch wurdt in tapaslike meditaasje lêzen fan de foarige eigener fan it Adema-húsoargel, ds. Oepke Noordmans (fy.wikipedia.org/wiki/Oepke_Noordmans). Der sil ek mei-inoar songen wurde: in pinksterliet fan Liuwe Westra, in liet dat opnommen is yn de okkerdeis útkommen bondel Lieten fan Leauwe en Langstme (kerkliedwiki.nl/Lieten_fan_leauwe_en_langstme).

De tagong foar it konsert is € 7,50. It konsert begjint om 20.00 oere.

Programma
Op it Adema-húsoargel (1860)

* Gregoriaansk koraal ‘Veni Sancte Spiritus’
* J.H. Buttstett (1666-1727): Partita oer ‘O Gott, Du frommer Gott’
* J.S. Bach (1685-1750): Fuga yn F út it Wohltemperiertes Klavier I
* C. Franck (1822-1890): Offertoire yn Es
* H. Brandts Buys (1905-1959): Voorspel en koraal út de Vervolgbundel 1866
* Foarspel en gearsang út Lieten fan Leauwe en Langstme 99: 1 en 2

* Lêzing fan de meditaasje fan ds. Oepke Noordmans (1871-1956) ‘Overmacht des Geestes’

Op it Schwartzburg-oargel (1736)

* Gearsang út Lieten fan Leauwe en Langstme 99: 3 en 4
* J.G. Walther (1684-1748): Koraalbewurking oer ‘Ach Gott und Herr’
* J. Pachelbel (1653-1706): Ricercare
* J.A. Reincken (1623-1722): Variaties over een oud Duits volkslied
* J.A. van Eyken (1823-1868): Andante út Orgelsonate op. 13, 1
* V. Lübeck (1656-1740): Preludium en Fuga yn E

 

juny 13, 2019 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.