Bylden fan ‘Maartens Alvestêdetocht’ geane de hiele wrâld oer

juny 25, 2019 08:58

Nederlân stipet Maarten van der Weijden manmachtich yn syn Alvestêdeswimtocht. Dat docht ek bliken út de tûzenen berjochten, sa’n seis de minút, dy’t by Omrop Fryslân ûnder de non-stop útstjoering ynkamen. Yn de sjochsifers is ek wrâldwide belangstelling te fernimmen. Hûnderttuzenen sjoggers út hiel Nederlân hiene de telefyzje ôfstimd op ‘Maartens Alvestêdetocht’ fan Omrop Fryslân. De livestream waard yn mear as 100 lannen besjoen.

Maarten van der Weijden (foto: Omrop Fryslân)

Sûnt Maarten op freed 21 juny yn it wetter sprong yn Ljouwert, folge Omrop Fryslân syn Alvestêdeswimtocht dei en nacht op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De 72 oeren duorjende live radio- en telefyzje-útstjoering helle topsifers, mei snein allinnich yn Fryslân al mear as 123.000 sjoggers.

Livestream en liveblog
De belangstelling foar de tocht is ek online sichtber. De webside luts sa’n 350.000 besiten, mei in pyk fan 10.000 besikers tagelyk, wat hast trije kear safolle as gewoanwei is. Yn de Omrop-app wiene oant en mei moandeitemoarn al mear as 534.000 besiten: sa’n 60% mear as gemiddeld.

De lêste leadsjes ek live
De meunstertocht fan Maarten van der Weijden wie oant en mei de finish op ‘e foet te folgjen by Omrop Fryslân. Dêrnei wie de huldiging fan de Olympysk swimmer op de stjoerder te sjen. Boppedat koene minsken yn ruil foar in donaasje oan de Maarten van der Weijden Foundation in plaat oanfreegje op 92.2FM.

juny 25, 2019 08:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.