Boargemaster Waadhoeke slút drugshûs Frjentsjer

juny 2, 2019 15:53

De boargemaster fan de gemeente Waadhoeke hat freed 31 maaie in wenning oan de Laene yn Frjentsjer sletten fanwegen it dêryn oantreffen fan harddrugs. It hûs bliuwt in jier ticht.

Yn desimber hat de plysje yn it it oangeande hûs in grutte hoemannichte harddrugs fûn. It die bliken dat dêr út dat hûs wei yn hannele waard. Dat en de grutte hoemannichte wie foar de boargemaster oanlieding om gebrûk te meitsjen fan it foech om de wenning foar tolve moanne te sluten. Dêr wurdt in sinjaal mei ôfjûn en bydroegen ta fermindering fan de drugskriminaliteit en it fergrutsjen fan de feilichheid en de leefberens yn de mienskip.

juny 2, 2019 15:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.