BinckBank Tour 2019: sân dagen spektakel foar de hurdfytsfan

juny 10, 2019 09:35

Spannende Ardennerit en tiidrit troch sintrum fan De Haach

Op moandei 12 augustus set de BinckBank Tour 2019 útein en giet sân dagen lang troch België en Nederlân. De iennige meardeiske UCI WordTour wedstriid yn de Lege Lannen is oan de 15e edysje ta. Dy kriget dit jier mei in spektakulêre Ardennerit yn Houffalize, in spannende tiidrit yn De Haach en de slotrit troch de Flaamske Ardennen wer in boeiend parkoers.

Oan it DNA fan de BinckBank Tour feroaret net folle: de omgong bliuwt de iennige dêr’t de klassike iendeishurdfytsers in goai nei de einsege dwaan kinne. Dat bewiist de earelist mei klinkende nammen as Niki Terpstra, Tim Wellens, Zdenek Stybar, Lars Boom en Tom Dumoulin. It parkoers befettet dit jier wer alle eleminten dêr’t hurdfytslannen Nederlân en België om bekend stean: fan flakke etappes foar de sprinters, oer in tiidrit foar de echte hurdfytsers, oant flink klimwurk yn de Ardennen en oer de Muorre en oare bekende hellingen yn de Flaamske Ardennen dy’t it klassemint fêstlizze sille.

Fan Beveren nei Geraardsbergen
Mei in Grand Départ yn Beveren en oankomst in pear kilometer fierderop yn Hulst, slingeret de earste rit al fuortdaliks hieltyd troch it Siuwske grinsgebiet fan beide lannen, troch de Linielandgemeenten en by ûnder mear it Verdronken Land van Saeftinghe lâns. Op tiisdei en woansdei folgje twa flakke etappes yn West- en East-Flaanderen, mei kânsen foar in sterke flecht of in spannende sprint. De rit yn Aalter op woansdei bringt in passend earbetoan oan de hûndertste jierdei fan oer-Flandrien Briek Schotte mei trije kear de passaazje oer de pittige kasseistripe oan Brieks stânbyld yn Kanegem.

Op tongersdei is Houffalize it toaniel fan in unike Ardennerit: krekt gjin hûndert kilometer, besteande út trije omgongen mei hieltyd de fikse beklimmingen fan Bois des Moines en Saint-Roch, de jierlikse iepeningsklim yn Luik-Bastenaken-Luik. De rest fan de rit is it op gjin inkeld momint flak. In flinke útdaging foar it peloton, in hearlik spektakel foar de hurdfytsfan op in Belgyske feestdei. Freed set it peloton útein yn Riemst, mar rydt dan opnij Nederlân yn mei in oankomst yn Venray.

Op sneon tikket de klok yn De Haach foar de yndividuele tiidrit oer 8,5 kilometer yn it hert fan de Nederlânske residinsje. Mei inkelde lange stikken rjochttroch wurdt it in spannende race. Bygelyks foar wrâlddoerrekôrhâlder Victor Campenaerts, dy’t hopet om dêr ek 55 km yn ’e oere ride te kinnen.

De slotrit spilet him foaral ôf yn de Flaamske Ardennen. Nei de start út Sint-Pieters-Leeuw wei giet it fia de Berendries, Leberg, Valkenberg en Ten Bosse nei de pleatslike omgong dêr’t noch fjouwer kear it duo Muur-Bosberg beklommen wurde moat. De oankomst leit lykas de ôfrûne jierren op de Vesten, oan de foet fan de Muorren fan Geraardsbergen. Dêr wurdt de winner fan de 15e BinckBank Tour bekendmalle.

juny 10, 2019 09:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.