Bang fan wetter (ferhaal)

juny 22, 2019 08:50

Bang fan wetter

Ik mei graach ûnder de dûs stean, mar fierder haw ik mei wetter net folle op. It swimmen is mei my dan ek net folle wurden. De bern seine wolris: “Heit is bang fan wetter.” Doe’t ik de foto fan ús âld bernewein werris tsjinkaam, kaam my wer yn it sin hoe’t dy bangichheid miskien wol te ferklearjen is.

Wy, myn bruorren en ik, binne opgroeid op in boerepleats. Dy stie iensum en allinne oan de dyk, in grintdyk fier út de buorren wei. Wy fermakken ús yn ús bernetiid meastal op it hiem, as it moai waar wie en oars yn it bûthûs, de skuorre op ’e golle. Jannes wie de âldste, trije jier âlder as ik en nei my kaam Simen, twa jier jonger as ik.

It wie op in moaie simmermiddei dat Simen yn de bernewein bûtendoar lei. Hy die yn dy tiid noch in middeissliepke. Jannes en ik ferfeelden ús wat en doe’t Simen fernimme liet dat er de sliep út hie, like it ús wol moai ta om in eintsje mei him út riden te gean. Wy fregen mem oft it wol mocht. Sneins, as ús heit oan it melken wie, giene wy wol mei ús mem en de bernewein te kuijerjen. Midden yn ’e wike hie se dat net oan tiid, tink ik.

It mocht, as wy mar foarsichtich wiene. Goed oan de kant fan de dyk bliuwe en net fierder as oan de twadde hikke ta. Ut de keamer wei hie se der goed sicht op. Simen siet yn in túchje, dat in protte gefaar wie der net. By de twadde hikke swaaiden we en giene we wer op hûs ta.

Op de weromreis fûnen we út dat we ek wol mei de wein race koene, dat wy setten it op in draven en wy makken der motorgelûden by. Doe’t we by de homeie kamen, makken we mei in rotgong de bocht nei rjochts. Dat hiene wy mei mear ferdrach dwaan moatten. De tsjiltsjes wiene der net op berekkene om dy bocht mei faasje te meitsjen. Dêr kaam by dat de dyk wat heger lei as ús hiem. De wein kaam dan ek net op it hiem út mar yn de sleat. Op ’e kop, mei Simen derûnder.

Gelokkich wie ús heit op it hiem en dy seach it oankommen. Hy pakte handich de wein út de sleat. Simen hong yn syn túchje derûnder. Hy siet ûnder it einekroas en de blaumodder. Hy wie wakker fan ’e wize, mar der skeelde him fierder neat. Heit en mem sille wol wakker prottele hawwe, mar dat stiet my net mear by.

Hoe’t Simem him fielde koe ik my wol yntinke, want noch net sa lang dêrfoar hie ik sels yn ’e sleat sitten. Wy hiene in stalt oan de sydkant fan it hiem. Us heit neamde it in stalt, ús mem sei stap. Foarhinne koene dêr de molkbussen himmele wurde, mar dat wie foar myn tiid, doe’t de pleats noch net op de wetterlieding oansletten wie. It wie in prachtich plakje om te boartsjen. Dêr moat ik doe sa yn opgien wêze, dat ik yn de sleat rekke. Ik haw gjin idee mear hoe’t ik der útkommen bin. Ik siet ûnder de blaumodder en dat stonk en smakke frjemd. Ik trille dat it sawat die. Mem fûtere en die my de klean út. Doe’t it oan it himd ta wie, fielde ik in frjemde waarmte. Ik sei: “Mar myn himd is noch droech” en tocht dêrby dochs noch wat posityfs bydrage te kinnen, mar dat foel ôf. Alles moast út en ik moast fan kop ta tean himmele wurde. In dûs hiene wy noch net. Ik tink dat se my doe sa ôfrost hat dat ik dêrtroch en troch de ûnderfining fan kopke-ûnder bang fan wetter bleaun bin.

Karst Strikwerda

juny 22, 2019 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.