Alle alve fonteinen yn ien bysûndere eksposysje

juny 24, 2019 08:45

Fan alle fonteinen dy’t yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 yn de Fryske stêden pleatst binne, is fan no ôf in bysûndere eksposysje te besjen. Yn Beetstersweach wie op 21 juny de iepening fan Meet the Fountains. Fan dizze wike ôf reizget de eksposysje by ûnder oare Jelsum, De Lemmer, Tytsjerk, Drachten en It Hearrenfean lâns.

Fontein yn Drylts (foto: Gemeente Súdwest-Fryslân)

Meet the Fountains wie ôfrûne wykein te sjen mei Keunstwykein Beetstersweach. Boargemaster fan Opsterlân Ellen van Selms iepene freed it wykein en dêrmei de eksposysje yn de Tropyske Kas.

Meet the Fountains
De reizgjende eksposysje is gearstald troch Heleen Haijtema en Tryntsje Nauta opboud út it wurk fan ferskate fotografen, út Fryslân en dêrbûten. Heleen Haijtema en Tryntsje Nauta foarmen sûnt it iere begjin fan Ljouwert-Fryslân 2018 in Frysk fotografyduo en wiene al ferantwurdlik foar de moaie bylden yn it bidboek dat de ynternasjonale sjuery derfan oertsjûge de titel oan de Fryske haadstêd en omjouwing te gunnen. Fan harren binne yn Meet the Fountains gjin foto’s fan de fonteinen yn de stêden te sjen, mar sy makken mei gebrûk fan eigen modellen, lokaasjes en rekwisiten fan 11Fountains in artistike ympresje.

Erik en Petra Hesmerg foarmen in ynternasjonaal ferneamd fotografepear dat in fassinaasje hat foar trijediminsjonale objekten. Hja bringe op unike wize en mei in hiel eigen styl ûnder oare byldhouwurk yn byld. Hja fotografearren mei harren bysûndere blik alle fonteinen yn de Fryske haadstêden, op Dokkum nei om’t de pleatsing dêrfan mear tiid frege. Foar it byld út Dokkum is fakfotograaf Jacob van Essen fan Het Hoge Noorden ferantwurdlik. Hy is bekend fan bygelyks de ferskate Fryske media.

De ferskate fotografen fange yn dizze eksposysje de ferhalen efter de fonteinen en meitsje út harren fyzje dúdlik wat de fonteinen sizze oer harren plak: de skiednis, de minsken, de sfear, mar ek oer de tiid dêr’t we yn libje.

Mear ynformaasje oer de lokaasjes fan de eksposysje stiet op www.11fountains.nl.

juny 24, 2019 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.