Jan Schokker: Alde protters

juny 22, 2019 20:00

Kollum

Alde protters moat je eins net ferpleatse, mar ús nêst is te grut. Nei in syktocht fan in pear moanne fûnen wy in kreas húske yn Nijhoarne en nei wat ûnderhannelingen gie it oan. It is deeglike bou, it sit aardich yn de isolaasje, strak yn de ferve, de hiele dei sinne en rûnom befeilige troch leauwigen. Wat wolle jo noch mear? No ja, it is wol wat datearre. Nuvere kleuren, tegels yn de badkeamer mei flauwe ôfbyldingen, aparte materialen, ferrikke souders en noch in hast wer moderne Bruynzeel keuken. No mei ik graach klusse en wat mear ôfwikseling mei ferskate ambachten, wat moaier ik it fyn en tiid by de rûs, want ik krij wat út de neilittenskip fan de âlde Drees. Wy hiene ek wakker nocht oan sa’n feroaring en wiene der ek wol oan ta. En moai om fan alles út te sykjen. Wy sitte oeren oer Pinterest te skrollen, dreame fan in tropysk keukeneilân, pvc laminaat, hingjende toiletten en flierferwaarming. By de oerdracht by de notaris hie ik de âlde wurkklean al ûnder it pak oan, om mar sa gau mooglik oan ’e slach te kinnen yn ús nije nêst. Earst slope en opromje en plannen meitsje. Ut hûs wei, ‘terplaatse’ sis mar, giet dat dochs better as fan wat foto’s.

No foel ús de romte wat ôf. Benammen de keuken siet wat nau om ’e heupen en wy binne oars beide net iens sa breed. Soene wy noch bybouwe moatte? Miskien fan de garaazje in keuken meitsje? Mar eins wie it hûs grut genôch foar twa âlde protters. Lytsere keuken? Doe’t wy dy jûn thús sieten, kreake ús beide de holle fan it tinken, en fan sliepen kaam net folle. Miskien dochs mar wat bybouwe, mar kin soks samar? It wykein in tekening yninoar prutst en op moandeitemoarn betiid siet ik op it gemientehûs yn ús nije gemeente. De amtner wie tige freonlik en behelpsum. Bytiden hat it sa syn foardiel as je der wat âlder útsjogge as je yn jierren binne. Sy pakte der wat foarskriften by, reaunte wat, rekkene it nei op har telefoan en sei dat ik it neffens har sûnder fergunning wol bouwe koe. Ik flikkere hast fan it balykrukje fan fernuvering. Bouwe sûnder fergunning? Wat in noflike gemeente It Hearrenfean! Kontrolearje diene se ek net, sei se, mar ik moast my wol oan wat foarskriften hâlde.
“Fansels”, sei ik, “mar as ik it no sa bou?”
Ik tekene in skeef dak op de útbou.
“Makket ús neat hoe’t it der útsjocht”, sei de amtner en se gnyske leaf.

Yn en yn lokkich bin ik nei hûs riden. Ik koe bybouwe en mocht sels witte hoe’t it der útseach. Soe dat allinne foar minsken op jierren jilde, frege ik my ôf doe’t ik de Skoatterlânskewei wer opried, op wei nei Nijhoarne. Fergetten te freegjen, mar myn dei koe net mear stikken en it moaiste fûn ik noch dat myn ambachten no net beheind wiene ta ferver, elektrisien, cv-monteur, wetterfitter, laminaatlizzer en keukenmonteur. Ik koe my útlibje as timmerman/boufakker.

Ja, âlde protters moatte faker in nij nêst sykje.

juny 22, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.