Al wer mear dielnimmers oan Wike fan de Utwikseling

juny 7, 2019 16:31

foto © pixabay.com

Yn 2018 diene goed 750 dielnimmers mei oan de Wike fan de Utwikseling, in inisjatyf fan Wurkje yn Fryslân, dat sûnt 2012 rint. Dit jier binne der mear as tûzen dielnimmers. Yn dy wike, fan 17 oant en mei 21 juny, wikselje meiwurkers foar in dei of deidiel fan wurkplak by sa’n sechstich bedriuwen, ynstansjes en (semy-)oerheidsynstellingen yn Noard-Nederlân.

Sa’n wike kin elkenien oan meidwaan, docht der net ta yn watfoar soarte funksje. De organisaasjes meitsje harren eigen deiprogramma mei bygelyks in rûnlieding of workshop, of der wurdt wat regele mei in fakgenoat. It doel is om wurkmobiliteit en gearwurkjen te stimulearjen én om kennis te dielen.

Regina Sleifer, projektlieder Mobiliteit by Wurkje yn Fryslân: “Ik vind de Week van de Uitwisseling geweldig! Binnenkijken bij een andere organisatie kan je nieuwe inzichten geven. Met welke vraagstukken of activiteiten houden ze zich daar bezig? Wat zijn overeenkomsten en wat zijn verschillen met mijn eigen organisatie? Kom ik in mijn huidige functie nog wel helemaal tot mijn recht of zijn er misschien andere mogelijkheden? Kennis delen en netwerken kan een bron van inspiratie zijn. En het mooiste is; het kost je geen cent!“

Oer Wurkje yn Fryslân
Wurkje yn Fryslân is in gearwurkingsferbân fan organisaasjes op it mêd fan fakatueren, opliedingen, karriêre-advys, fertrouwenspersoanen en mediators. “Fan, foar, troch” is it basisprinsipe. Mear ynformaasje is te finen op www.werkeninfriesland.nl.

Gearwurkje mei Noorderlink
Foar de Wike fan de Utwikseling wurdt gearwurke mei Noorderlink, in P&O- gearwurkingsferbân fan mear as fjirtich (grutte) wurkjouwers yn it noarden fan it lân. Mear ynformaasje is te finen op www.noorderlink.nl.

Priisfraach
De dielnimmers kinne in opliedingssjek fan € 300,00 winne dy’t te besteegjen is by Wurkje yn Fryslân of Noorderlink. It iennige dat se dêrfoar dwaan moatte is it meitsjen fan in filmke of ferslachje mei foto’s fan harren Dei fan de Utwikseling.

juny 7, 2019 16:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.