Aksje foar bern yn Sri Lanka

juny 11, 2019 10:17

VAKwerk Burgum freget jo omtinken foar in bysûnder projekt. Op snein 12 maaie lêstlyn is troch VAKwerk in aksje úteinset foar de drop-out bern yn Kalpitiya, Sri Lanka.

Dat binne bern fan earme fiskersfamyljes dy’t gjin ûnderwiis krije en net lêze, skriuwe of rekkenje kinne, op strjitte omhingje en mei in stik hout en bal cricket spylje. Bern dy’t it gefaar rinne yn ferkearde hannen te fallen of yn in ferkeard sirkwy telâne te kommen (byg. mei drugs). Cricket is dé sport yn Sri Lanka. Om dy bern in takomst te bieden foar ûnderwiis troch middel fan it beoefenjen fan de cricketsport is VAKwerk Burgum yn gearwurking mei Jan Kuipers, dy’t op Sri Lanka wennet, in aksje begûn.

Op 12 maaie binne ferskate keunstners, hielendal frijwillich, begûn mei it beskilderjen fan Ingelske draachdoeken. Dy dragers binne kocht en beskikber steld troch VAKwerk Burgum. Lykas de ferve en oare materialen dy’t brûkt wurde. De resultaten binne fantastysk. De âlde brune doeken binne omtsjoene ta prachtige skilderijen en objekten dy’t sawol hingjend as steand net misstean sille yn mannich húskeamer, hal, kantoar of bedriuwsromte.

De tsien draachdoeken út 1944 binne beskildere troch:
Jan van der Meulen – Burgum
Jelle Schotanus – Beetstersweach
Brenda van der Zee – Westhoeke
Gerard Smith – Ljouwert
Albert Schaafsma – Oentsjerk
Joke Ket – Hurdegaryp
Gusta Vet – Beetstersweach
Anne van Dalen – Ljouwert
Gerke Procee – Bûtenpost
Hanneke/Tineke/Ellen – Hurdegaryp/Feanwâlden

Op 7 july oansteande om 16.15 oere wurde dy stikken feile troch de kameraden Arjen de Boer (Omrop Fryslân) en Stefan Ket. Jo wurde útnûge om dêrby oanwêzich te wêzen en mei te bieden op dy unike keunstwurken foar in takomst foar de bern yn Sri Lanka.

Sjoch ek op www.kalpitiya.nl.

VAKwerk Burgum stiet foar Verrassend Ambachtelijk Kunstzinnigwerk en is yn Burgum opset troch trije susters Brugman. Hja wolle sjen litte dat leechsteande winkels yn in winkelstrjitte gjin rotte kiezzen binne, mar dat it, ynrjochte mei keunstsinnichheden, himmele ruten en oanfage strjitte, in stik nofliker winkeljen is. Boppedat komt it publyk op in leechdrompelige wize mei keunst yn ’e kunde. VAKwerk Burgum is te finen oan de Tsjibbe Geartsstrjitte 3, skean foar de Hema oer en is iepen woansdeis fan 13 oant 17 oere, freeds en sneon fan 11 oant 17 oere. De earste sneins fan de moanne ek fan 13 oant 17 oere.

juny 11, 2019 10:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.