Aant Mulder: Wolkom Thús – Fries van Hart

juny 11, 2019 08:00

Kollum

De iene kear lês ik dat Fryslân noch nea safolle ynwenners hân hat as no en de oare kear dat we mei krimp rekkenje moatte. Hoe sit dat krekt? Ut de sifers wurdt dúdlik dat op 1 desimber ferline jier 647.784 minsken yn ús provinsje wennen. Dat betsjutte groei! It gie om 0,05% en dat wylst dat getal foar it hiele lân 0,54% wie, tsien kear safolle! Net folle groei, mar dochs. Groei is ek net fanselssprekkend. Fryslân hie earder perioaden fan krimp, tusken 2011 en 2016 foar ’t lêst. Likegoed hie Fryslân dus noch net earder safolle ynwenners. Sa’t it no liket, wurde dat yn ’e takomst net mear, mar earder minder. Saakkundigen ha it no oer in demografyske oergong. Dêr bedoele se mei dat de gearstalling fan de befolking feroaret: mear húshâldingen fan minsken allinne en minder húshâldingen mei in stikmannich bern; mear grize koppen, minder jongerein; mear ferhuzingen nei oare provinsjes ta en minder húshâldingen dy’t har te uzes nei wenjen sette. Oant no ta smite de ferhuzingen noch hieltyd groei op. Der komme noch hieltyd nije Friezen by. Dy demografyske oergong betsjut lykwols nei de takomst ta in demografyske delgong, krimp dus. Om dat foar te kommen moatte we ynsette op ferhuzingen diskant út. Dy nij-ynkommers dogge derta! Slagget dat net, dan sakje we yn de jierren tusken no en 2030 ôf nei 637.784 ynwenners. Dat binne der dus 10.000 minder.

Dat de bedriuwen har rjochtsje op minsken dy’t wat mei Fryslân ha,
dat fyn ik wol bysûnder.

It sil dêrom net tafallich wêze dat no ynset wurdt op nij-ynkommers. Benammen de kampanje dy’t de Ondernemerskring Heerenveen no betinkt ûnder de namme Wolkom Thús – Fries van Hart, falt op. Dy kampanje, dy’t yn 2020 úteinsette moat en dan oan 2025 ta duorret, kriget hieltyd mear meidoggers. It is in bysûndere kampanje om’t de bedriuwen, sa’t se sels sizze, in grut ferskaat oan moaie banen ha foar minsken dy’t it jild mei de hannen likegoed as mei de holle fertsjinje. Dat dy banen hjir binne, dat is net bekend genôch en dêr wolle se wat oan dwaan. Dat moat wol, want bedriuwen yn Fryslân ha wurknimmers nedich. Dat is hielendal it gefal as de krimp aanst trochset. Sa’n aksje fyn ik dêrom net bysûnder. Dy leit yn ‘e reden. Dat de bedriuwen har rjochtsje op minsken, dy’t wat mei Fryslân ha, dat fyn ik wol bysûnder. Dan giet it yn it foarste plak om minsken dy’t yn Fryslân wenne ha of minsken dêr’t âlden en foarâlden fan yn Fryslân wenne ha. Dy wolle se weromhelje om se net allinne in moaie en ambisjeuze baan te jaan, mar ek troch te fertellen dat se hjir noflik en royaal wenje kinne en dat allegearre yn in provinsje dêr’t se fan hearren en sizzen wol fan witte dat it in lânskiplik moai gebiet is, in gebiet mei in eigen taal en kultuer. It giet dus om minsken dy’t in gefoel fan thúskommen ha wolle. Dat binne de Friezen fan it Wolkom Thús, part fan de kampanje.

De kampanje rjochtet him tagelyk op in oare groep. Dat binne de Friezen fan it part Fries van Hart. Dêr wurde dy minsken mei bedoeld dy’t út ferhalen oer of troch fakânsjes yn Fryslân begrepen ha dat dizze provinsje dúdlik oars is as de Rânestêd en dat we hjir ek krekt wat in oare mienskip ha as dêre. De romte, it lânskip, de taal en kultuer meitsje dat grif guon fan beide groepen wol diskant út komme wolle as der moaie advertinsjes yn de media komme. Sa kinne beide groepen fan Wolkom Thús – Fries van Hart goed yn ien en deselde kampanje omtinken krije. Ik fyn it hiel bysûnder dat bedriuwen net allinne de merk op geane om wurknimmers nei it eigen bedriuw ta te heljen, mar dat dy bedriuwen tagelyk omtinken ha foar it feit dat Fryslân der foar dy minsken ta docht. Har doel sprekt ta de ferbylding: wurknimmers dy’t har thúsfiele yn it bedriuw, mei húshâldingen dy’t hat tagelyk yn Fryslân thúsfiele. Hoe moai is dat!

Ik hoopje dat dizze kampanje in boppeslach wurdt.

Dat ferget wat fan dy bedriuwen en dat kinne se grif net allinne. Der moat jild op it kleed komme foar sa’n kampanje. Ik lês al oer bedraggen fan 3 oant 3,5 miljoen. Dêrom wurdt praat mei oare ûndernimmersferieningen en mei de Vereniging van Friese Gemeenten, want it jild en it draachflak sille fan bedriuwslibben en gemeenten komme moatte. Ik hoopje dat dizze kampanje in boppeslach wurdt. Ik kin hast net wachtsje oant it safier is! Der komme grif filmkes, websiden, advertinsjes, ferhalen oer moderne bedriuwen mei moaie banen yn in provinsje mei in grut ferskaat oan mooglikheden en eigen dingen. Yn in goede kampanje wurdt dat fansels royaal delset. Dat betsjut dat in part yn it Frysk of yn beide talen dien wurdt. Dat kin net oars.

Witte doch ik it net, mar it liket my net iens tafallich ta, dat de Provinsje krekt no in enkête yn it bedriuwslibben útset hat om te witten hoe’t it der yn dy bedriuwen mei it Frysk foarstiet en oft it brûken fan it Frysk ek fan gefolgen ha kin dat de produksje omheech giet. De gedachte is dat minsken dy’t harsels wêze kinne, dy’t gewoan Frysk prate kinne as se dat wend binne, dat dy minsken dêrtroch gewoan mear dogge, hurder wurkje. De Provinsje doch dat ûndersyk om’t op dit stuit de eksport fan Fryske bedriuwen te folle by de lanlike eksport efterbliuwt. Tafal of net, as bedriuwen ynsette op Wolkom Thús – Fries van Hart, dan is it folslein logysk dat ek omtinken jûn wurdt oan it Frysk, yn en bûten dy bedriuwen.

De Provinsje komt dus op in goed momint mei dat ûndersyk. Yn oare krantestikjes lês ik lykwols dat de Fryske leanen leger lizze as yn de provinsjes om ús hinne. Dat hat fansels earder in omkeard resultaat. Dat we te uzes minder útjouwe, dat it libben goedkeaper is,.dat docht der foar dy eventuele nijkommers grif minder ta. Dy minsken giet it net allinne om in moaie provinsje mei in eigen taal en kultuer, moderne bedriuwen mei moaie banen, mar ek om goede leanen. Dus betelje dy nije Friezen daliks mar goed! Dan wurdt Wolkom Thús – Fries van Hart grif in sukses.

Foto’s: Ynternasjonaal Bedriuweterrein Fryslân (IBF) It Hearrenfean (makket troch Aant Mulder)

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 8 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
juny 11, 2019 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.