Aant Mulder: Fryslân fakânsjelân of net

juny 25, 2019 07:00

Kollum

Fryslân fakânsjelân, dêr begjint it hieltyd mear op te lykjen. It hat wat fan in nije soarte fan yndustry dêr’t op ynset wurdt. Hieltyd mear besykje we minsken fan om utens hjirhinne te krijen. Wy besykje minsken te ynteressearjen foar ús Frysk lânskip, ús Fryske kultuer. Minsken út it eigen lân, dat binne der te min. Dútsers, Belgen en Ingelsken, dy dogge derta, dy jouwe it gefoel dat dy nije yndustry kâns fan slagjen hat, om oer minsken út Amearika en Azië wei mar te swijen. It fljocht like goed net sa hurd. De toeristen dy’t Europa yn in pear dagen besjen wolle, ha Fryslân net heech op har listje stean, as se der al fan heard ha. Dêr komt noch by dat it fierstente lang duorret om hjir te kommen. Gjin fleantugen dy’t út alle wynstreken wei hjirhinne fleane, gjin grutte cruiseskippen dy’t hjir oanlizze, gjin hurdridende treinen. Neat fan dat alles.

De Aldehou kin noch sa skeef stean,
mar toeristen fleane foar in skeve toer nei Pisa ta

Hegemer Mar – Amsterdam Lake District (foto © Aant Mulder)

Fryslân hat ek gjin grutte toeristyske attraksjes dy’t perfoarst sjoen wurde moatte. Terpen binne gjin bergen. Diken en wetter hoege de toeristen net foar nei Fryslân ta, dy binne yn Hollân ek wol. De Aldehou kin noch sa skeef stean, mar toeristen fleane foar in skeve toer nei Pisa ta. De preammen yn Ljouwert kinne noch sa goed bedoeld wêze, foar rûnfearten sette de toeristen op de Amsterdamske grêften ta. It Frysk museum hellet it net by Ryks- en Gemeentemuseum yn Amsterdam. Sa kin ik wol trochgean. Fryslân leit te fier fuort en de attraksjes binne te gewoan of kinne ek wol earne oars besjoen wurde.

Der liket likegoed wat te feroarjen. Foar wa’t fleane wol is Eelde in mooglikheid. Yn Harns wolle se gruttere cruiseskippen yn de haven ha. Der wurdt wer praat oer hurder ridende treinen en koartere trajekten. Tagelyk wurdt wurke oan projekten dy’t nijsgjirrich genôch binne foar toeristen de hiele wrâld oer. Ik neam de nije Ofslútdyk en Holwert oan See. Tagelyk wurdt besocht de Alvestêdetochten, de festivals, de blockbusters better op de kaart te setten. Tink oan FryslânLjouwert2018. En hoewol’t it grutte toerisme it paad diskant út noch net rjocht fine kin, sette middenstân en hoareka dêr wol op yn. Der komme hieltyd mear terrassen, ytkafees, restauranten, hotels… De toekan kin net mear oer de holle sjoen wurde. Sa komt Fryslân stadichoan mear yn byld as it om toerisme giet. It begûn eins allegearre yn 2018 mei Lonely Planet, dy’t alle jierren de tsien moaiste fakânsjebestimmingen yn Europa útsiket. Fryslân wie dat jiers de nûmer 3. Allinne Emilia-Romagna (Italië) en Kantabrië (Spanje) krigen in hegere wurdearring. Dat wie ferline jier in opstekker. Party toeristen sille doe grif nei Fryslân sjoen ha en dochs net kommen wêze. De earder neamde beswieren sille wat dat oanbelanget grif de trochslach jûn ha.

Sa komme toeristen aansten yn Fryslân
sûnder dat se witte dat se yn Fryslân binne

De dyk en de Waadsee by Swarte Haan (foto © Aant Mulder)

It hat posityf útwurke, dat wol, mar in echte omkear is it net wurden. Dy komt no likegoed wol tichteby. Dat komt net om’t we no de goede formule fûn ha, mar om’t oaren te folle toeristen ha. Wa’t sels wol op fakânsje giet, sil dat witte. In stêd as Fenesië, in gebiet as Cinque Terre, beide yn Italië, binne dúdlike foarbylden. Sels ha we dat okkerjiers yn Dubrovnik, dat yn Kroasië oan de Adriatyske kust leit, heard en sjoen. Grutte cruiseskippen leine foar de stêd. Bussen rieden ôf en oan tusken dy skippen en de âlde binnenstêd. Dat is in prachtige stêd mei muorren deromhinne. Eigen minsken wenje der hast net mear. Sy komme der allinne mar om te wurkjen, om oan de toeristen te fertsjinjen. De binnenstêd is oernommen troch de toeristen. It gemeentebestjoer wol graach oars, minder cruiseskippen, mar it is tagelyk wol harren bestean wurden. Yn eigen lân hearre we sokke ferhalen faker wol oer Amsterdam en tichteby jildt itselde foar Gythoarn. Op hieltyd mear plakken ha se te folle toeristen. No’t se sels genôch ha, gunne se in oar ek wol wat. De nammen moatte eins wol deselde bliuwe. Dêrom ha se it oer Amsterdam Beach (Zandvoort), Amsterdam Castle (Muiderslot) en oer it Amsterdam Lake District mei in Sunset Cruise nei Heech ta. Sa komme toeristen aansten yn Fryslân sûnder dat se witte dat se yn Fryslân binne. Tagelyk moatte de dingen hieltyd faker regele wurde sa’t sy dat wolle. It is mar de fraach oft we op dat soarte fan toeristen sitte te wachtsjen. Wy sille dan te krijen ha mei it hâlden en dragen fan sokke toeristen. Dêr witte se yn Gythoarn en Amsterdam alles fan. Sy dogge wat har goed taliket. Om tulpefjilden hinne sille stekken moatte om mar in foarbyld te neamen. Sy stelle de easken, de ynwenners wurde as personiel sjoen, iten en drinken moatte ôfstimd wurde op de toeristen en dat jildt ek foar de sûveniers. Werom yn Amsterdam witte se amperoan dat se yn Fryslân west ha en thús, as se de foto’s bejogge, witte se al hast net mear wêr’t se dy foto’s makke ha.

Wa’t tinkt dat it allegear wol wat tafalle sil, moat foar de aardichheid Hotel Europa fan Ilja Leonard Pfeiffer lêze. Hiel yn it koart komt it derop del dat Europa allinne noch mar nijsgjirrige dingen hat dy’t mei it ferline te krijen ha. De toeristen fan bûten Europa komme op dy âlde dingen ôf om dy te besjen. Europa wurdt sa it museum fan de wrâld oant der neat fan oerbliuwt, want wat de kloften besjen wolle, ferniele se tagelyk. Dat moatte we yn Fryslân net wolle!

Ta beslút in lyts, yn it Frysk oerset, sitaat:
De ynname fan Rome troch de barbaren hat minder skea oanrjochte as de kloften yn koarte broeken dy’t ús hjoed-de-dei oerspiele. Wy binne tsjûge fan de lêste en definitive barbaarske ynvaazje fan Italië. Watst hjir sjochst, dat is de begraffenis fan Europa en al dy toeristen hjir steane derby, sjogge dernei en meitsje der foto’s fan sûnder yn ’e gaten te hawwen dat sy it binne dy’t trijetûzen jier Europeeske kultuer de nekke omdraaid ha.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 22 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

juny 25, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.