Aant Mulder: Frysk yn ’e krante

juny 4, 2019 06:53

Kollum

Krantlêze is rûtinewurk. Moarns daliks efkes de koppen en wat letter op ’e dei, ornaris nei de kofje, de hiele krante. Om’t ik fakentiden it grutte nijs al op smartphone of tablet sjoen ha, giet it by it krantlêzen mear om de ferdjipping, de eftergrûnen fan it nijs. En dan docht wat ik tsjinkom op de earste bledsiden fan it earste stik fan de krante der benammen ta. Dat earste katern, dêr stiet it wrâldnijs yn en dat is foar my de krante. It twadde part ha ’k oars ek wol aardichheid oan. Yn dat diel, LC fryslân, stiet wat om ús hinne yn de eigen omkriten bart en dat wol ik likegoed witte. Dêrnei kin ik hurder. De measte oare katernen sizze my net folle. Dy blêdzje ik troch, hjir en dêr lês ik wat, slaan wat oer en sa fierder. Fan al dy katernen is der eins mar ien dat ik wol hast hielendal lês en dat is Freed.

Ik doch neat oars as skeakelje tusken twa talen,
sûnder der eins erch yn te hawwen.

No soe ik dy hiele LC net yn dizze kollum neamd ha, as ik net in tal kearen opmerkingen oer dy krante te hearren krige hie. Ik wit wol, sy moatte net by my wêze. Sy kinne better ynstjoerde stikken skriuwe, mar dat bliuwt der fansels faak by en guon fine dat ek hielendal net nedich. Guon minsken, gauris kursisten of âld-kursisten, fernije my wol dat se ynnommen binne mei it feit dat yn de kranten Fryske artikels steane en dat se dy lêze en dat se dêr in protte fan leare. Sokke minsken wol ik net tsjinprate. Ik fyn it moai dat se dy ferhalen lêze en ik sis dan mar net wat ik tink, dat yn dy kranten dus mei in lantearntsje om it Frysk socht wurde moat. Likegoed betocht ik dat ik maklik wat oer de holle sjen kin en dat der dochs wolris mear Frysk yn stean kin as ik tink. It soe samar sa wêze kinne dat ik wol Frysk lês, mar dat net iens yn ’e rekken ha. Sa giet it mei ’t praten ommers ek faak. Ik doch neat oars as skeakelje tusken twa talen, sûnder der eins erch yn te hawwen.

Doe’t ik dêrom fan wike wat mear om it Frysk yn ’e krante tocht, kaam ik ta de konklúzje dat der foar de Friezen dy’t graach Frysk lêze dochs wol wat Frysk yn stiet. Dan giet it yn haadsaak om sitaten dy’t fansels opnommen wurde sa’t se sein waarden. Dat binne der likegoed dochs noch wol aardich wat. Dat is moai, mar tagelyk soe it logysk wêze en lit sokke minsken wat mear yn de eigen taal oan it wurd. Fierder wurdt yn guon rubriken fan en ta Frysk brûkt of sels hiele artikels yn it Frysk steld. Ik tink oan rubriken as cultuur en media, podium mei te gast, opinie en ingezonden. Dêr docht de krante oan folgjend taalgebrûk sa’t it liket. Dat is moai. En ik moat fansels it katern freed neame. Dêr is alle kearen weroan omtinken foar it Frysk yn kollums en artikels, dy’t ornaris oer Fryske dingen geane, oer Fryske muzyk, Frysk toaniel, Fryske literatuer. Prachtich.

It liket allegearre aardich logysk. Likegoed bliuw ik hingjen op in pear dingen dy’t ik net rymje kin. Yn de rubryk radio en televisie wurde de programma’s lykas It Polytburo fan Omrop Fryslân kreas yn it Nederlânsk beneamd. Nuver, want werom moatte Fryske programma’s yn in taal beskreaun wurde dy’t yn sokke programma’s hast net oan ’e oarder komme. Datselde gefoel ha ’k in bytsje by nij frysk wurdboek, in hiele aardige rubryk, dêr’t lêzers yn frege wurdt om Fryske wurden te betinken foar begripen, dêr’t we noch net in Frysk wurd foar ha. Asing Walthaus en Maria Delgrosso beskriuwe yn it Nederlânsk de wurden dy’t ynkomme en hokker se foar kar nimme. It binne Fryske wurden, mar dêr wurdt yn it Hollânsk oer skreaun.

It ha grif Fryske petearen west en dan komme dy ferhalen
mei in inkeld Frysk sitaat yn de krante.

Okkerwyks waard ik fan guon lêzers wiisd op de artikels oer Bertus Postma Jongfriezen huldigen ‘wiere beweger’ Postma (16/5) en Geart Benedictus Mei it Frysk moatst folhâlde (18/5). Ik begriep it earst net. Fansels, Bertus Postma waard yn de lêste gearkomste fan de Jongfryske Mienskip om syn krewearjen foar it Frysk troch de kommissaris fan de Kening beneamd ta earelid fan dy Jongfryske Mienskip. En ja, Geart Benedictus naam in pear dagen letter nei sân jier ôfskied as foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging. Dy Fryske organisaasjes, dy binne my net frjemd, de beide neamde mannen ken ik wol. Sa’t ik al sei, ik begriep it net. Dat ik frege nei de krekte bedoelingen. “Hasto dan net sjoen dat de artikels oer dy beide foaroanmannen yn it Nederlânsk steld binne en dat wylst se de krante helje om’t se yngeand foar it brûken fan it Frysk krewearje. Fynst dat net nuver?” Dan is it dúdlik. Ik kin it allinne mar iens wêze mei dy opmerkingen. It ha grif Fryske petearen west en dan komme dy ferhalen mei in inkeld Frysk sitaat yn de krante. Dat hie fansels oars moatten. Nimmen hie der lêst fan hân. Lêzers dy’t neat mei it Frysk, neat mei de Fryske Beweging ha, dy slaan dy artikels dochs wol oer. Dat ja, dat is nuver!

No’t ik dêr op wiisd bin, falle my mear artikels op. Ik neam in pear Rembrandt in het Fries bij de KFFB (22/5). Dat ferhaal is foar in Fryske doelgroep, de leden fan de KFFB en guon minsken dy’t aardichheid ha oan it lêzen fan in Frysk boek. Dat de krante hie dat ek wol yn it Frysk opskriuwe kinnen. Datselde soe jilde kinne foar Oevreprijs voor herkenbare Tomke in pear dagen earder (18/5). Likegoed kin ik ynskikke dat foar dat ûnderwerp foar it Hollânsk keazen waard om’t Tomke in grutte rol spilet op pjutteboartersplakken en skoallen en dêr ha we fansels te krijen mei twa- en meartaligens. It is dêrom wol nuver dat krekt wer wat earder it stikje oer Werprintinge fan ‘Nijntje op ’e buorkerij’ (10/5) gewoan yn ’t Frysk steld is. No’t ik my der efkes in lyts bytsje yn ferdjippe ha, kin ik de opmerkingen fan beide kanten wol begripe. It kom op grûn fan dy opmerkingen ta de konklúzje dat de krante by wat dy al docht, dochs wol wat mear omtinken oan de twadde rykstaal jaan kin! Dy wurdt brûkt, mar it hâldt net oer. Wat soe it moai wêze as it nijs fan Fryske organisaasjes, fan Fryske foaroanmannen tenei gewoan yn it Frysk opnommen wurdt.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 1 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
juny 4, 2019 06:53
Skriuw in reaksje

10 opmerkingen

  1. Lútsen juny 4, 09:31

    Efkes in opmerking oer jo Frysk, dat ornaris sûnder lek of brek is. It sil by de AFÛK wol goedrekkene wurde, mar foar my heart it as skuorde klokken: ‘in tal kearen’ of ‘in tal jierren lyn’ of ‘in tal dagen’ ensfh. Ferskriklik oerset ABN. Yn it Frysk is dat: in kearmannich, in jiermannich lyn, in deimannich. Moast ik efkes kwyt.

  2. jangerben juny 4, 18:11

    Achte Walthaus.
    De lêzers fan de Ljouwerter mei tinke litte oer wurden foar it Nij Frysk wurdboek is in prima idee.Mar wat is it idee der efter om in suver Frysk oangelegenheid yn it Hollânsk yn de krante te setten?
    Wurdt dat oplein troch de NDC-Media dy’t ha wol dat alle lêzers it leze kinne ?

    Yn ôfwachting : Jangerben Mulder Nijhoarne

    Jangerben Mulder
    10 okt. 2018 00:00

    aan Asing

    As jo in mail tastjoerd krije, ha jo dan wol it fatsoen om in andert te jaan ?

    Asing Walthaus
    10 okt. 2018 07:56

    aan ik

    Moarn hear Mulder,

    Tank foar jo mail, it eardere mailtsje haw ik blykber oer de holle sjoen, ekskuus derfoar. De rubryk nit Frysk Wordbook is fansels net in suver Fryske oangelegenheid – wy wolle graach dat sa folle moochlik minsken deroan dielnimme, ek guon dy’t it Frysk wat minder yn’e macht ha mar troch dizze boartlike aanpak dochs tinke: lit my dat ek ris besykje. Fanút NDC is ús neat oplein.

    Mei freonlike groetnis,

    Asing Walthaus
    Leeuwarder Courant

    angerben Mulder
    13 okt. 2018 17:35

    aan Asing

    Middei Asing.

    Lit ik foarop stelle, dat op dizze manear de krante meiwurket oan it teloorgean fan de FRYSKE TAAL. De Afûk jout kursussen Frysk skriuwe en lêzen.Op de manear wêrop jimme mei it Frysk yn de krante omgeane soe immen dy’t it Frysk net behearsket gjin kursussen mear hoege te folgjen, De Ljouwerter lit it wat it Frysk oanbelanget hielendal ôfwitte.Yn de wike is it sykjen om in artikel yn it Frysk te finen.Dan yn de freedskrante steane twa siden yn it Frysk.Dan de Sneon en Snein tahekke hat allinne mar it gevelsje Frysk.Troch jimme moat dejinge dyt in Fryske kursus folge hat nei de bieb as se wat yn it Frysk lêze wolle.Jo sizze dat jimme neat oplein is troch de NDC,mar dêr ha ik myn twifels oer. Yn de hûs oan hûsblêden steane nea gjin Fryske stikken yn en dat is wol oplein, want hja wolle dat eltseinen de artikels lêze kinne.Nim no de Heerenveense Courant,ik ha mei Jitse Hooghiemstra kontakt hân, no in koart stikje Frysk kin nochs mar dan hâld it op.Mar sels dat wordt net pleatst as ik wat ynstjoer.

    Groetsjend Jangerben.

    Gjin andert op krigen.

  3. jangerben juny 4, 21:04

    Guon Friezen, ûnder oaren sa as Lútsen binne altiten oan it flieërnfangen.

  4. Abe juny 4, 21:32

    Aant, wat hâldt dy tsjin en doch in ûndersykje? In moanne lang beide kranten (LC en FD) ferlykje. Dan witte wy teminsten wêr’t wy it oer hawwe.

  5. Fliefanger juny 5, 08:48

    @Jangerben, soks hjit ‘kwaliteitsbewekking’.

  6. RobMokum juny 5, 13:54

    Oansjoen de LC mei namme (of faaks sels wol hast allinich) yn Fryslân lêzen wurdt en de measte Nederlânsktaligen dêr it Frysk behearskje soe de krante wol 50% yn’t Fryske skreaun wurde kinnen. No is it krekt as de Telegraaf of it Parool yn it Ingelsk skriuwe met Nederlânske sitaten. Eins wol nuver.

  7. Hâns JW juny 5, 17:30

    Wat in geëamel! Hoe fertelt de iene Fries de oare dat er it noch Frysker dwaan kinnen hie. En it ‘Nij Frysk wurdboek’? Dêr is neffens my de bân mei de logika, de wurklikheid faken fier te sykjen. Mar goed it moat, sa’t it liket, grappich wêze, dat in protte wille fierder!

  8. Nanne Hoekstra juny 8, 10:08

    In ûndersyk is net nedich. It eksakte persintaazje Fryske wurden yn de kranten docht der net safolle ta, want elkenien kin sjen dat it lyts is. It probleem is dat de provinsjale kranten mei it Frysk omgean as wie it in dialekt. Ommmers, allinnich as it om kulturele uterings te rêden is, is dat reden om in artikel alhiel yn it Frysk te skriuwen. En dan dus noch net iens konsekwint. Fierders binne guon advertinsjes en opinystikken fansels yn it Frysk mar dat dogge de lêzers. En dan wurde allinnich noch de lju dy’t tafallich Frysk tsjn de sjoernalist prate yn dy taal oanhelle. Dat is sa út en troch in sintsje yn in artikel, oer it generaal net it moaiste Frysk en faak wurde Frysktaligen lykwols noch yn it Hollânsk sitearre. It foardiel is al dat lju dy’t der tsjinoan skytskoarje om lapen Fryske tekst te lêzen lykwols wat Frysk ferarbeidzje. It grutte neidiel is dat it Frysk sa as sprektaal en kulturele kuriositeit presintearre wurdt. De kranten drage der dêrom oan by dat it dat ek hieltyd mear wurdt. Wêrom? In rol spilet dat in protte sjoernalisten net iens goed Frysk skriuwe kinne. It lêzerspublyk freget dêr ek net om. Earder oarsom. Der binne altyd wol in pear roppers en razers dy’t âlje dat der tefolle Frysk yn de kranten stiet en dêr wurdt dan nei harke. Mar gelokkich ha wy It Nijs noch, dêr’t de hûnderttûzenen Friezen dy’t harren eigen taal oars amper ûnder eagen krije, telâne kinne. Men soe dan ferwachtsje dat dizze side geregeldwei kreaket ûnder de besikersoantallen, mar nee…

  9. Abe juny 10, 13:21

    Dy hûnderttûzenen Friezen dy’t har eigen taal oars amper ûnder eagen krije, wolle har eigen taal ek amper ûnder eagen krije, Nanne Hoekstra. Dat komt om’t dy taal skriftlik te fier fan har ôf stiet. En dat komt om’t de ‘beropsfriezen’ de lêste fjirtich jier sliept hawwe as it om Frysk ûnderwiis gie. Om dan no de kranten – gewoane kommersjele organisaasjes – de skuld te jaan dat it Frysk mear en mear in ‘kulturele kuriositeit’ wurdt, is moai betocht mar ûnsin. De FNP soe himsels de fraach ris stelle moatte: it plúsj of Frysk ûnderwiis?

  10. Nanne Hoekstra juny 15, 12:42

    As der yn de maatskippij net genôch om Frysk frege wurdt, is der yn it ûnderwiis net folle animo om dat oan te bieden, Abe. Wêrom soe men Frysk leare as der amper wat yn dy taal te lêzen falt? It is dêrom fan belang om sawol mei de hin as mei it aai teset. Yn enkêtes sizze de measte Friezen oars dat se it Frysk wol al lêze kinne. Der falt dêrom in protte foar te sizzen om folle mear oer nijsgjirrige saken yn it Frysk te skriuwen. Kranten beare wol fan sjoernalistike frijheid as harren wichtige bydrage oan ús maatskippij en bygelyks it Frysk Deiblêd wol dêroerhinne kristlike wearden útsutelje. Wêrom soenen dy ‘gewoane kommersjele organisaasjes’ dan net meihelpe kinne mei it oerein hâlden fan ús taal? No’t ik it oer it FD ha, yn in enkête fan in jiermannich lyn ha de lêzers sein dat der wol mear Frysk yn harren krante mei. Lykwols kin /wol en/of doart de redaksje blykber net struktureel en signifikant ynfolling oan dat mandaat te jaan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.