Aant Mulder: De D.A. Tammingapriis 2019

juny 18, 2019 07:00

Kollum

Koartlyn lies ik dat Baukje Zijlstra foar har debútroman de D.A. Tammingapriis kriget. Dat fernuvere my wat en it sette my opnij oan it neitinken oer dy roman. De D.A. Tammingapriis waard yn 2013 ynsteld as in soarte fan opfolger fan de Fedde Schurerpriis. It doel wie om de priis alle jierren om en om út te rikken foar proaza en poëzy. Dat slagget net rjocht. Oant no ta binne der twa priiswinners: Ale S. van Zandbergen, mei Littenser merke (proaza, 2014) en Geart Tigchelaar mei nij hert yn leech jek (poëzy, 2017) en no dus Baukje Zijlstra mei har roman De koma-korrektor. De priis waard sadwaande trije kear takend: twa kear proaza, ien kear poëzy. Dat de priis net alle jierren útrikt waard hat alles te krijen mei de kwaliteit of krekt mei it ûntbrekken fan dy kwaliteit. It soe samar sa wêze kinne dat troch de namme fan D.A. Tamminga de latte aardich heech leit, faaks wol wat te heech.

Dy kwaliteit is der no neffens de sjuery wol. De sjuery koe in kar meitsje út tsien proazadebuten fan tusken 2014 en 2019 ha ’k begrepen. Dy proazadebuten wurde net neamd. Nominaasjes jildt itselde foar. Ik ha der efkes om socht. Yn it jier fan De koma-korrekter (2018 dus) ferskine yn alle gefallen ek: It testamint fan Tonnema fan Gooitzen Monsma, Skuld fan Jikke Olivier en In soarte fan bûgjen fan Geert Nauta. Ik fyn it spitich dat ik net krekt wit hokker tsien debuten yn ’e beneaming kamen en oan hokker betingsten foldien wurde moast om meidwaan te kinnen. Dat de sjuery by safolle debuten dat fan Baukje Zijlstra foar kar nommen hat fyn ik bysûnder. Der binne neffens my oare debuten dy’t net ûnderdogge foar dat fan har. Wat dat oanbelanget bin ik wol nijsgjirrich nei it sjueryrapport.

 It boek hat in mannich ferhaallinen dy’t goed yninoar stekke.

Noch net sa hiele lang lyn hie ’k De koma-korrektor kocht, sa’t ik wol faker Fryske boeken keapje. Ik wol in bytsje op ’e hichte bliuwe fan wat der yn it Frysk ferskynt. Dat falt noch net iens ta. It keapjen wol, mar it lêzen net. Wat wier is moat sein wurde, net alle boeken dy’t ik keapje ha ’k likefolle aardichheid oan. Guon boeken lês ik mei nocht en wille. Dat binne de boeken dy’t ik wol yn ien sike út lêze kin, mar der binne ek oare. Likegoed lês ik de boeken, dêr’t ik minder niget oan ha, dochs. Dêr set ik my ta. En der binne boeken by dat ik bliid bin dat ik dat dien ha. De koma-korrektor is sa’n boek. Ik ha my derta sette moatten en lês it. It boek woe my mar net yn ’e besnijing krije en ik ha my oprjocht ôffrege hoe’t dat kaam. En sûnt ik de kritiken lêzen ha, freegje ik my dat noch folle mear ôf. It is ommers in goed boek. Dat moat wol, want it kriget de D.A Tammingapriis. Ik bin der net wis fan, mar it soe te krijen ha kinne mei it feit dat it boek earst as non-fiksje bedoeld wie. It wie Baukje Zijlstra har doel om oer it wegerjen fan in tsjinstbefel fan har heit yn Ynje in op feiten basearre relaas te skriuwen. Der wiene wol wat feiten boppe wetter te heljen, mar dat wiene foar dat doel tagelyk te min. Ik kin hiel goed begripe dat situaasje en omstannichheden fan gefolgen hân ha dat yn twadde ynstânsje keazen waard foar fiksje en dat de heit wat dat oanbelanget ek folle mear in fiktive heit waard.

De skriuwster hat nei yngeande stúdzje likegoed in protte feiten ta har foldwaan. Dat betsjut dat in moai dúdlik byld sketst wurde kin fan hoe’t it doe west ha moat. Mar feiten binne gjin emoasjes. It wurdt allegearre kreas beskreaun, mar ik rekket my net echt. No kin him dat ek oan my lizze fansels. It boek hat in mannich ferhaallinen dy’t goed yninoar stekke. Der wurde yn de sân ferskillende haadstikken mei noch mear lytsere paragrafen en alinea’s eins hieltyd ferskillende situaasjes beskreaun. Sa komme we stapke foar stapke yn ’e kunde mei de dochter Betty, dy’t it ferhaal fan har heit Siemen as Ynjegonger opskriuwe wol, mar dat tagelyk net mear goed slagje wol om’t har heit yn koma yn it sikehûs leit. Wy ha yn alle gefallen te krijen mei twa ferhaallinen, it ferhaal fan de heit, fan doe, en no yn ferskillende perpektiven set en dat fan de dochter. De soan en broer Benno makket yn dyselde tiid in reis troch Yndonezië om te sjen en fêst te lizzen wêr’t de heit doe west hat. Benno en Betty maile dêr hieltyd oer. Dat binne wer feiten. De neamde yndieling, de perspektiven, it hinne en wer skowen yn de tiid, it makket dat it ferhaal my mar net rjocht yn de besnijing krije kin. De fragminten dy’t geane oer de petearen tusken Betty en Jappy, de freon fan har heit fan doedestiden, dy’t noch aardich wat wit of fine kin oer Ynje en alles wat dêrmei te krijen hân hat, foldogge my lykwols skoan, dy meitsje dat ik yn it boek, it ferhaal behelle reitsje. It is grif gjin tafal dat dat tagelyk de langere fragminten, fragminten nei emoasje binne.

De fragminten dy’t geane oer de petearen tusken Betty en Jappy, de freon fan har heit fan doedestiden, foldogge my lykwols skoan.

De koma-korrektor is en bliuwt in oanrieder. It boek net te gau oan ’e kant lizze, mar trochsette. Dit debút fertsjinnet in priis. Dat it om de D.A. Tammingapriis giet hat fan gefolgen dat men Tamminga yndachtich hast net om de stavering hinne kin. Dat de nijste Akademystavering folge wurdt, dat sil sa wêze. Dat jildt yn alle gefallen net foar de foarkarswurdlist. In tal kearen tink ik dat it foar itselde wat oars en better kinnen hie. Wêrom net bjirk foar berk, guon foar sommige, ferskate foar ferskeidene, wis foar seker, om mar in pear foarbylden te neamen. Mear lêst ha ik lykwols fan konstruksjes mei wêryn’t, wêrfan’t, wêrûnder, wêrmei en sa binne der noch wol wat fan dy dingen. Nim my net kwea ôf, mar soks ropt Tamminga by my op.

Hawar, ik winskje Baukje Zijlstra op freed 21 juny in hiele moaie dei mei in moaie priisútrikking ta. Dat komt hat ta, want it is net samar in boek. Der is yngeand stúdzje fan it ûnderwerp makke en it ferhaal is fernimstich yninoar stutsen en fan en ta kriget it jin yn ‘e besnijing. Ik hoopje oprjocht dat it net by dit debút bliuwt.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 15 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

juny 18, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.