2019 kriget ek in ferhalejûn

juny 14, 2019 08:47

Der komt in ferfolch op de ferhalejûn dêr’t ferline jier Ljouwert-Fryslân 2018 mei iepene waard. It evenemint hjit no Ferhalejûn en wurdt holden op freed 15 novimber 2019.

Ritsko van Vliet op de Ferhalejûn fan ferline jier (foto: Wietze Landman)

Lokaasje? Hiel Fryslân
De ferhalejûn fan LF 2018 (2018 suksesferhalen) wie by de iepening fan it Kulturele-Haadstêdjier in grut sukses; hûnderten minsken yn de hiele provinsje gongen fan ferhaal nei ferhaal. Daliks nei ôfrin gongen der stimmen op foar in ferfolch. Dat komt der. Ferhalejûn wurdt organisearre troch Museumfederaasje Fryslân en Stichting Pier21 en is ûnderdiel fan it LF2028-programma.

‘Eltsenien hat in ferhaal, dus eltsenien kin meidwaan’
Neffens David Lelieveld, produsint út namme fan Pier21, sit de krêft fan Ferhalejûn yn de ienfâld: “Op Ferhalejûn wurde ienfâldichwei ferhalen ferteld. Ferhalen yn húskeamers, yn musea en op alderhande plakken. En eltsenien kin meidwaan, as taskôger mar ek as ferteller. Want eltsenien hat in ferhaal.”

No ek bedriuwen en ferienings
Museumfederaasje en Pier21 rekkenje derop dat, lykas ferline jier, in soad entûsjaste partikulieren en musea de doarren iepen dogge. Dêrnjonken hawwe hoareka, ûndernimmers, ferienings en eigeners fan gebouwen oanjûn dat se ek meidogge. “Want dat kin dit jier”, seit Lelieveld. “Dêr lizze de ferhalen ek foar it opkrijen.”

Nij libben yn Fryske tradysje
Nij is it fenomeen fan in ferhalejûn net. “Oardel iuw lyn hie Fryslân de Winterjûnenocht. Dy tradysje blaze wy nij libben yn”, seit Lelieveld, dy’t der de klam op leit dat de meidoggers gjin literêre fertelling hoege te hâlden, “mar gewoan in ferhaal sa’t se dat oaninoar fertelle.” Ynspiraasje kinne se helje út it tema: ‘As stiennen prate koenen.’

Fertellers socht
Eltsenien dy’t in ferhaal fertelle wol, kin him no oanmelde op www.verhalenavond.nl. Op dy webside wurde alle ferhalen yn kaart brocht, sadat it publyk op 15 novimber wit wêr’t it hinne kin.

juny 14, 2019 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.