11 juny: Friezemoeting by de Opstalsbeam

juny 4, 2019 07:42

Upstalsbeam (foto Wikimedia Commons © Matthias Süßen)

Op de tiisdei nei de Pinkster moetsje alle jierren ynwenners fan de trije Fryslannen inoar by de Opstalsbeam by Auwerk (Aurich) by Rahe yn East-Fryslân. Dat giet werom op de midsiuwen, doe’t ôffurdigen fan de sân frije Fryslannen dêr gearkamen foar in mienskiplike rjochtdei dêr’t ek mienskiplike besluten nommen waarden. Tsjintwurdich hawwe dy gearkomsten in kultureel karakter.

Tiisdei 11 juny is dit jier de dei (fan 18.00 oere ôf) fan gearkommen. It programma is hjir te finen (Opstalsgearkomste 2019) en mear algemiene ynformaasje hjir (Opstalsbeam Struibrief 2015) en hjir (fy.wikipedia.org/wiki/Upstalbeam).

Yn it Dútsk wurdt praat fan Upstallsbohm en Upstallbohm en yn it Westerlauwersk Frysk fan Opstalsbeam.

juny 4, 2019 07:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.