Ynternasjonale saaklike toerist op syk nei alternatyf foar Amsterdam

maaie 26, 2019 08:35 Fernijd

Ofrûne wike waard yn Frankfurt de IMEX holden. Op dy ynternasjonale fakbeurs fierden regiomarketingorganisaasje Merk Fryslân en Friesland Convention Partners in protte petearen mei moeting- en eveneminteplanners. Opfallend oan de petearen wie dat der in protte fraach is nei nije Nederlânske saaklike bestimmings, oars as Amsterdam.

Foto: pixabay.com

Mei goed 9.000 besikers út hast hûndert lannen is de IMEX ien fan de prominintste Europeeske fakbeurzen yn de moetingsyndustry. Merk Fryslân en Friesland Convention Partners fertsjintwurdigen de Fryske provinsje op de fakbeurs dy’t trije dagen duorre. De fertsjintwurdiging fan Fryslân wie just dit jier gjin tafal, neffens Yvonne Hulleman fan Merk Fryslân. “Amsterdam rekket fol”, stelt Hulleman. “It is ienfâldichwei te drok yn de Nederlânske haadstêd. Planners binne dêrom op syk nei nije bestimmings, benammen nei de merk dy’t saaklike gearkomsten mei aktiviteiten kombinearje wol. Minsken reagearren ferrast troch it mearsidige Fryske oanbod.”

It melden fan de krigen titels hat de attinsjewearde fan Fryslân op de IMEX flink ferhege. Yn 2018 tipte Lonely Planet de provinsje as in echte hidden gem, wylst National Geographic boppedat foar in wrâldwide notearring soarge. Begjin dit jier folge noch The New York Times mei in earfolle fermelding foar de Fryske eilannen. Ljouwert-Fryslân droech ek by oan de oantrekkingskrêft op moetingplanners as Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Datselde jier wie de dúdlike ferskowing nei de mear net-ûntdutsen, ferrassende gebieten goed te fernimmen. Sa keas ûnder oare ISPA (International Society for Performing Arts) foar Ljouwert as lokaasje foar syn jierkongres. Takom jier is Fryslân de gasthear fan it ynternasjonale ICAR Interbull-kongres.

“De ynternasjonale kongres- en gearkomstemerk is in miljoenemerk dy’t foar Fryslân wis wol kânsen biedt”, ferklearret Jant van Dijk fan Friesland Convention Partners. “De bestegings fan de saaklike toerist binne folle heger as de bestegings fan de rekreaasjetoerist. Dy merk is dus tige de muoite wurdich om serieus op yn te spyljen.” De úteinlike opbringst foar Fryslân is lykwols folle mear as inkeld jild. It tanimmen fan saaklike eveneminten sil bydrage oan it fersterkjen fan de posysje fan Fryslân as kennisregio op it mêd fan wetter, agrifood en sirkulêre ekonomy.

De fertsjintwurdiging fan Fryslân troch de organisaasjes Merk Fryslân en Friesland Convention Partners op de IMEX yn Frankfurt, late ta nije kontakten en boppedat konkrete oanfragen foar (ynternasjonale) selskippen dy’t in besite oan Fryslân bringe wolle.

maaie 26, 2019 08:35 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.