Ynterfrysk wykein op Helgolân

maaie 26, 2019 17:20

Baldrs Draumar spilet op it Friesendroapen op Helgolân (foto: Sybren Posthumus)

Op it eilân Helgolân is dit wykein it saneamde Friesendroapen hâlden. Dat is in festival dat om ‘e trije jier organisearre wurdt. Ut alle gebieten dy’t in Fryske skiednis hawwe, komme dan minsken nei it eilân ta, dêr’t trije dagen lang fan alles te dwaan is. Sa spylje der bands, binne der dûnsfoarstellings en rûnliedings, en wurde der sportaktiviteiten organisearre.

Sneontejûn spile bygelyks de folkband Baldrs Draumar op ‘e konsertjûn yn in grutte hal op it eilân. Ut Noard-Fryslân, East-Fryslân en fan it eilân Helgolân wiene ek artysten. Neist moderne muzyk is der ek altiten in soad folksdûnsjen yn tradisjonele klean. Foar jonge dielnimmers is dat lykwols net altiten like nijsgjirrich en der wurdt al sa’n tweintich jier besocht om de opset te modernisearjen.

By de organisaasje gie dit kear nammers wol wat mis. Fjirtjin dagen lyn krige de organisaasje ûngerêste mails fan Helgolân, om’t dêr noch neat bekend wie oer de datum en de ynhâld. De ynwenners wiene sels bang dat it festival net trochgean soe. Ald-boargemaster Frank Botter skreau: “It soe spitich wêze as der wer in Fryske byienkomst is en ús eilânbefolking der neat fan fernimt.” De Noard-Fryske politikus Thede Boysen sei sels dat de ‘ynformaasjepolityk werklik geheimsinnich’ wie.

De organisator fan it Friesendroapen is de Fryske Rie, in gearwurkingsferbân fan allegear kulturele organisaasjes yn de Fryske gebieten. Helgolân is altyd de lokaasje fan it festival, om’t it min ofte mear sintraal tusken de trije Fryske gebieten leit. It lytse eilân bestiet út in hege rots midden op see, mei dêrneist in sânplaat. Der wenje sa’n twatûzen minsken. Yn ‘e Fryske mytology hat in bysûnder plak, om’t grute waard dat de Fryske god Fosite der de Fryske frijheid ret hie.

Utsjoch fan Helgolân op see (foto: Sybren Posthumus)

Ungerêste diskusje op Facebook oer it wol of net trochgean fan it festival

maaie 26, 2019 17:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.