‘Ynsektestjerte giet flugger as útstjerren dinosauriërs’

maaie 25, 2019 09:00

“Wy kinne fernuvere wêze dat de wrâld der noch min of mear normaal útsjocht, no’t wy al safolle fan ús ynsekten kwyt binne.” Dat seit prefester Hans de Kroon yn in ôflevering fan it wittenskipsprogramma De Kennis van Nu, dat folslein wijd is oan ynsektestjerte.

Pref. Hans de Kroon (foto: NTR)

De Kroon is ien fan de wittenskippers dy’t yn in baanbrekkende stúdzje oantoant dat de hoemannichte ynsekten yn Dútske natuergebieten yn minder as tritich jier tiid mei 75% ôfnaam is. In resultaat dat oer te setten is nei grutte parten fan West-Europa. De Kennis van Nu lit sjen dat it útstjerren fan ynsekten yn guon gebieten nóch flugger giet as oant no ta oannaam waard.

Heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma lit de resultaten sjen fan syn stúdzje nei hûsswellen yn Nederlân. Piersma konkludearret dat dy soarte sûnt de Twadde Wrâldoarloch mei 95 oant 98% ôfnaam is. Dêr laat er út ôf dat fleanende ynsekten, dêr’t dy fûgels fan libje, ek mei 95 oant 98% ôfnaam wêze moatte. Dat soe betsjutte dat der no tweintich oant fyftich kear minder fan de ynsekten binne as 75 jier lyn.

Jelmer Buijs docht ûndersyk (foto: NTR)

Wat nekket it ynsekt?
De Kennis van Nu giet op syk nei mooglike redenen fan de kliberstjerte. Dêrby stjit it programma op de resultaten fan in nij ûndersyk. Lânboukundige Jelmer Buijs ûndersocht krêftfoer, dong en boaiems op Gelderske boerebedriuwen op de oanwêzigens fan ynsektisiden en oare bestridingsmiddels. Buijs trof yn syn ûndersyk spoaren fan yn totaal 134 ferskillende bestridingsmiddels oan, wêrûnder mar leafst 62 middels yn it krêftfoer foar fee. Dy gifstoffen komme yn dy wichtige fiedselboarne foar it fee telâne by de tylt, it trânsport en de opslach fan it foer. Dy stoffen belânje neffens Buijs fia de dong fan it fee op it lân, dêr’t se it ynsektelibben in protte skea tabringe. Mear as de helte fan Nederlân bestiet út lânbougrûn en hast al dat lân wurdt mear of minder bedonge. Dat betsjut neffens Buijs dat jierrenlang ûnbewust en ûnbedoeld gifstoffen op lânbougrûn terjochte kaam binne, wêrûnder biologysk boerelân en beskerme greidefûgelgebieten. Hy sprekt fan in ‘net earder ûndersochte efterdoar fan gif’ dy’t in wichtige oarsaak fan ynsektestjerte bleatleit.

De Lân- en Túnbouorganisaasje (LTO), de belangebehertiger foar boeren yn Nederlân, leveret fûle krityk op it ûndersyk. Dat der gifstoffen fûn binne, is neffens LTO noch gjin hurd bewiis dat dat ek ynsektestjerte feroarsaket. LTO wiist op inisjativen dy’t bestean om bioferskaat te befoarderjen, lykas blomrike sleatskanten, en it opsetten fan greidefûgelbeskermingsgebieten. Buijs ferliket dy inisjativen mei ‘wetter nei de see ta dragen’. Sa neamt er it ‘ûnmooglik om greidefûgels te beskermjen as it iten fan de fûgels (de ynsekten) net beskerme is.”

Wat nekt ’t insect? is te sjen fia dizze link.

maaie 25, 2019 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.