Ynhâldlike ûnderhannelingen nije koälysje úteinset

maaie 4, 2019 10:08

Fan ´e wike binne binne de ynhâldlike ûnderhannelingen yn it ramt in nije provinsjale koälysje úteinset. Der is oanjûn hoe’t de finansjele romte is foar de kommende jierren. Soe de koälysje de winsken fan de fjouwer bedoelde koälysjepartijen CDA, PvdA, VVD en FNP maksimaal yn it besteande belied ferwurkje, dan is in bedrach fan 800 miljoen euro nedich. Der is sa’n 200 miljoen euro beskikber. De kommende wiken brûke de partijen om harren winsken en it jild mei-inoar yn lykwicht te bringen.

Oan fiif saneamde tematafels komme alle ûnderwerpen op it aljemint. Dêrnei beslute de ûnderhannelers oan de haadtafel ûnder lieding fan formateur Evelien Blaauw wat wol en net yn it koälysjeakkoart komt. De bedoeling is dat ein juny it koälysjeakkoart fan CDA, PvdA, VVD en FNP klear is. Dêrnei giet it nije kolleezje fan Deputearre Steaten oan it wurk.

maaie 4, 2019 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.