Wyldewivefestival op Skylge

maaie 20, 2019 13:16

Op 5, 6 en 7 july dit jier wurdt op Skylge it Wyldewivefestival holden. Dat wie twa jier lyn in grut sukses. Op de Folkshegeskoalle Schylgeralân is plak foar mar hûndert froulju. Dêrom is gau oanmelde oan te rieden. Wa’t dat foar 31 maaie docht, kriget koarting.

Kreativiteit, ûntspanning en ferriking binne de haadyngrediïnten fan it wykein. Der binne workshops op it mêd fan keunst, lichemswurk en spiritualiteit.

Miranda Tamminga is ien fan de organisatoaren: “Omdat der sa’n protte oanfragen wiene, hâlde wy it festival nochris. Leave, stoere, kwetsbere froulju meie inoar wer moetsje op dit moaie wyken.” Der is fan alles te belibjen: human design, opstellingen, kuiers, klankreizen, massaazje of soul-kollaazjes meitsje, it kin allegear. Der is muzyk, dûns en tiid foar bysûndere moetingen. It wykein is in opheapping fan ferbining en krêft.”

De lokaasje kín net better: it is suver in magysk plak, sa ticht by de dunen. De natuer op it eilân nûget út ta ûntspanning en refleksje. De workshops en it iten, it is allegear ynklusyf. En: der wurdt biologysk iten.
Tamminga: “Meidwaan oan it festival is ien wêze mei de eleminten, susterskip ûnderfine en de goadin yn jinsels en inoar ûntdekke.

Op it webstee is it folsleine oanbod te besjen: it wylde wiif yn har elemint. Klik hjir

maaie 20, 2019 13:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.