Wrâldrekôrbesykjen yn Utert: grutste groep lange minsken byinoar

maaie 11, 2019 10:28

Klup Lange Minsken Nederlân wol besykje om yn it Guinness Book of Records te kommen mei in sa grut mooglike groep lange minsken (manlju fan op syn minst 1,90 m en froulju fan op syn minst 1,80 m) byinoar.

Datum en tiid: tongersdei 30 maaie 2019, om 17.00 oere
Wêr: Partysintrum Number Four yn stadion Galgenwaard yn Utert (Herculesplein 281-283)

Foto: René Lochtmans

In aksje foar in rekôr mei lange minsken yn Utert? Nederlân wurdt al jierren assosiearre mei klompen, tsiis, tulpen en… lange minsken. It Nederlânske folk wurdt sjoen as it folk mei de heechste trochsneed lingte op ’e wrâld: 183,8 sm foar manlju en 170,7 sm foar froulju, en hat sels in fermelding yn de rubryk ‘Tallest population’ yn it Guinness Book of Records. Neist it rekôr foar it langste folk, is der ek in rekôrfermelding foar de grutste gearkomste fan lange minsken. It hjoeddeiske (Australyske) rekôr foar de grutste groep lange minsken datearret fan 2009 en stiet op 136 minsken.

Binne of kenne jo ien dy’t lang is, help dan mei op Himelfeartsdei om Nederlân rekôrhâlder te meitsjen. Inkeld manlju fan boppe de 1,90 m en froulju fan boppe de 1,80 m sille meiteld wurde. Wolle jo dêroan meidwaan, meld jo dan oan fia dizze link.

Mei-organisator en sponsor House of Tall is ek by it evenemint oanwêzich. De winkel is spesjalisearre yn moade foar lange manlju, froulju en grutte skuon. It rekôrbesykjen is ûnderdiel fan de aktiviteiten fan de ynternasjonale gearkomste foar lange minsken Europatreffen 2019 Utert dy’t holden wurdt fan 26 maaie 2019 o/m 2 juny 2019. Lange dielnimmers út de hiele wrâld komme dy wike nei Utert. Oanslutend is der in feest mei diner op deselde lokaasje. Foar dy en oare Europatreffen 2019-aktiviteiten kinne jo je ek ynskriuwe.

Foto: Wim Steijven

Oer Klup Lange Minsken
De feriening Klup Lange Minsken, koartsein KLM, is in aktive nasjonale belange-organisaasje mei sa’n 3.500 leden, dy’t opkomt foar lange manlju (190 sm en langer), lange froulu (180 sm en langer) en âlden fan bern mei in hege groeiprognoaze. De Klup Lange Minsken docht dat al mear as sechstich jier. De feriening wurket gear mei Europeeske susterorganisaasjes en Tall Clubs International yn de Feriene Steaten fan Amearika en Kanada. De Klup Lange Minsken besiket syn doel te berikken yn gearwurking mei it bedriuwslibben, de oerheid en ferskate maatskiplike organisaasjes.

 

Boarnen
Wikipedia, ûndersyk út 2010.
Guinness World Records, hjoeddeisk rekôr.
Guinness World Records, hjoeddeisk rekôr.

maaie 11, 2019 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.