Winst foar EFA-susterpartijen FNP yn Europa
Resint ferskynd
Sybren Posthumus: ‘Us ynfloed yn it Europarlemint groeit’

Sybren Posthumus (foto © FNP)
De regionale partijen yn Europa hawwe it goed dien mei de Europeeske ferkiezingen. De Europeeske Frije Alliânsje (EFA), dêr’t de FNP ek by oansletten is, groeit fan 12 nei 13 sitten. De EFA foarmet yn Brussel ien fraksje mei de Grienen (EFA-Greens), dy’t as gehiel ek wakker sukses hat.
Skotlân
De trettjin sitten fan de EFA komme út respektyflik: Flaanderen (N-VA, 3), Skotlân (SNP, 3), Wales (Plaid Cymru, 1), Korsika (1), Kataloanië (2), Baskelân/Galisië (1), Letlân (1) en Dútslân (1). Benammen de pro-Europeeske SNP yn Skotlân hat it poerbêst dien mei 9% winst nei 38% fan alle stimmen.
Kaaiposysje
Trije fan de seis Skotske fertsjintwurdigers yn Brussel komme no fan de SNP. Yn alle Skotske kiesdistrikten is SNP no de grutste partij wurden; Labour is dêr hielendal fuortfage. De Plaid Cymru yn Wales hat ek winst boekt te’n koste fan de âlde Labour- oanhing. Europawurdfierder Sybren Posthumus fan de FNP: “De EFA hat it poerbêst dien. Wy wurkje goed gear mei de Greens yn Brussel. Us ynfloed yn it Europarlemint groeit no’t de EFA-Greensfraksje nei alle gedachten in kaaiposysje kriget by de ûnderhannelingen yn Europa.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje