Wês wach foar de moardner fan it Zerniketerrein!

maaie 20, 2019 22:28

De Ryksuniversiteit Grins en de Hanzehegeskoalle riede harren personiel en studinten oan om net allinnich nei de stúdzjegebouwen ta te rinnen of te fytsen. Ferline wike waard op it Zerniketerrein, dêr’t de ûnderwiisynstellings fêstige binne, in draver troch in ûnbekende man deastutsen. Elk dy’t fertochte omstannichheden sjocht, kriget it advys en skilje de plysje.

De 27-jierrige Hidde Bergman waard op 14 maaie deastutsen op it Jaagpad, in fytspaad oan ‘e râne fan it universiteitsterrein. It wurdt alle dagen troch in soad fytsers en fuotgongers brûkt. Oan it Jaagpad sitte ferskate sportterreinen. De sportklups dy’t dêr gebrûk fan meitsje, hawwe harren leden ek oanret en wês wach.

De plysje hat op basis fan tsjûgeferklearrings in tekening fan in man makke dy’t yn ‘e omkriten fan ‘e stekkerij sjoen is. It is net wis oft dy man de dieder is. De foto is hjirnêst te sjen. It giet om in man fan tusken de tweintich en tritich jier âld, trochsneedlingte, mei in ljochtbrún fel. De man rûn neffens tsjûgen fan it Zerniketerrein by de rûnwei del.

maaie 20, 2019 22:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.