Weardebon Ynnatura foar griene bedriuwsterreinen

maaie 2, 2019 16:01

Yn it belang fan de natuerbeskerming yn Fryslân wurket yn stichting Ynnatura in groeiend tal organisaasjes en bedriuwen gear mei It Fryske Gea. In nij inisjatyf fan de stichting is it stimulearjen fan bedriuwen om harren terrein sa op te knappen dat it pronkjes fan bioferskaat wurde.

By hieltyd mear ûndernimmers groeit it besef dat duorsum mei de natuer omgean fan grut belang is. Bioferskaat is needsaaklik foar in fitale natuer en jout in bedriuw foardielen yn de foarm fan besuniging, it ferheegjen fan de wearde, in grien imago en in bettere garânsje foar de sûnens fan de wurknimmers. Okkerdeis organisearre Ynnatura mei It Fryske Gea, de Fryske Miljeufederaasje en de gemeente Ljouwert in sympoasium oer bioferskaat op bedriuweterreinen. Oan ’e hân fan praktykfoarbylden makken ferskillende sprekkers de ûndernimmers dúdlik hoe’t bioferskaat om de gebouwen hinne stimulearre wurde kin en wat dêr de foardielen fan binne.

In bloeiend bedriuwsterrein is net in doel op himsels, mar hâldt logysk ferbân mei in wichtich fraachstik dêr’t bedriuwen de kommende jierren mei te krijen hawwe, te witten it oanlizzen fan in klimaatbestindich terrein sûnder ôfbrek te dwaan oan it ûndernimmerskip.

Om harren op wei te helpen nei in grien bedriuwsterrein stelt Ynnatura foar tsien bedriuwen fergees in grien ûntwerp beskikber. Dy wurde útfierd troch Peter de Boer fan ekologysk advysburo FaunaX op ’e Gordyk. Woansdei 8 maaie wurde yn Earnewâld de earste weardebonnen útrikt oan Windgroep,Drachten, foar sinnepark De Lemmer, Camping It Wiid, Earnewâld en Jelle Bijlsma BV, Gytsjerk.

maaie 2, 2019 16:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.