Sybren Singelsma: Wat der te kiezen falt by ferkiezingen Europeesk Parlemint

maaie 3, 2019 10:01

Skôging 

23 maaie meie jo wer nei de stimbus om it nije Europeeske Parlemint te kiezen. Dat wol sizze, de Nederlânske leden. As Fries kinne jo noch net op in Skot of in Katalaan stimme. Mar goed, dit is it momint dêr’t jo direkt ynfloed útoefenje kinne op dat grutte Europa. En wêr giet dat dan oer, sille jo jo ôffreegje. No, dat hat Jean Claude Juncker foar jo ris op in rychje set. Yn it dokumint Europe in May 2019 jout er in oersicht fan de resultaten fan de Kommisje dy’t hy fan 2014 oant 2019 laat hat.

Fansels wol Juncker rekkenskip jaan oer syn program, en syn namme as suksesfol foarsitter yn de skiednisboekjes skriuwe, mar it belang fan it stik giet fierder as dat. It jout in goede yndruk fan wat de politike aginda yn Europa fan de ôfrûne jierren west hat, wêr’t it Europeesk Parlemint him oer útsprutsen hat en wat de parlemintariërs mei jo mandaat dien hawwe.

Ik neam:

  1. It hiele pakket stimulearringsmaatregels om út de finansjele krisis te kommen.
  2. De operaasje om Grikelân fan it bankroet te rêden en tagelyk it opsetten fan alderhande meganismen om de Eurosône better te bestjoeren, lykas de Banke-uny, it finansjeel stabilisaasjemeganisme ensafuorthinne.
  3. It Klimaatakkoart fan Parys; de EU hat dêroer ûnderhannele út namme fan alle 28 lidsteaten.
  4. Ferbod op plastik dat mar ien kear brûkt wurdt.
  5. Nije hannelsakkoarten mei Japan en Kanada.
  6. Wapenstilstân yn de hannelsoarloch mei Amerikaansk presidint Trump.
  7. De oerienkomst mei Turkije om de flechtlingestream te kontrolearjen.
  8. Help oan flechtlingen yn en bûten de EU.
  9. It beskermjen en beweitsjen fan de EU bûtengrinzen mei it opsetten fan de nije European border and CoastGuardAgency.
  10. It fersterkjen fan RescEu, in ynstrumint dat lannen yn steat stelt om inoar by te stean yn it gefal fan natuerrampen.
  11. GDPRS, de nije wetjouwing foar it beskermjen fan persoanlijke ynformaasje.
  12. It ôfskaffen fan de ‘roaming’-kosten foar mobiletelefoans binnen de EU.
  13. Gearwurking op it militêre mêd, benammen om goedkeaper materiaal yn te keapjen.

Noch mear punten binne nei te lêzen op https://ec.europa.eu/commission/sites/beta-political/files/euco_sibiu_communication_en.pdf.

Mar it wichtichste wurd is miskien wol Brexit. Troch goed wurk is de Uny earder sterker as swakker út it hiele ferhaal kommen. En út soarte fynt Juncker dat de Uny der no better foar stiet as yn 2014. Foar de takomst set er alfêst de folgjende inisjativen op de wurklist.

Feilichheid, mear inisjativen yn de definsjehoeke.

Konkurrinsjekrêft: inisjativen op it mêd fan keunstmjittige yntelliginsje en mear yn it algemien ûndersyk en ûntwikkeling, in nij yndustriebelied en nije regels om selsstjoerende auto’s yn Europa mooglik te meitsjen.

Mar it moat ek earlik om en ta gean en elkenien te’n goede komme, dêrom in aginda foar sosjale rjochten, in earlik belestingbelied en inisjativen yn de hoeke fan de folkssûnens.

Dan noch in tal punten yn it ramt fan duorsumens en klimaat, en by einsluten wol Juncker fan Europa in machtsfaktor yn de wrâld meitsje.

Dat binne dus de punten dêr’t jo oer tinke en prate moatte as jo yn de kommende wiken jo stim bepale wolle. Ik lit it oan elkenien oer om te bepalen oft de boppesteande punten wichtich genôch binne om nei it stimlokaal te gean.

Mar oer dy punten giet it, en as jo net stimme, net seure as it net sa giet sa’t jo wolle. Dat is dan net de skuld fan Europa mar fan josels!

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.

 

maaie 3, 2019 10:01
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Kees van der Beek maaie 3, 11:50

    Ik bin bang, dat Sybren net sa bliid is mei dit berjocht: neffens my komt dit berjocht fan Sybren better oer as it wat gever op ItNijs stiet – of is dit syn wize fan ûntmoedigjen om oan dy Europeeske ferkiezings mei te dwaan?

  2. Redaksje maaie 3, 19:28

    Tankewol Van der Beek, foar jo opmerksumheid. Der is by it kopiearjen fan de tekst wat mis gien. Dat is no yn oarder makke.

  3. Sybren maaie 3, 21:43

    Ik wit net wat it probleem west is, mar ik jou ta dat in stikje skreaun op in IPad mei in Frânske spellcheck wol ris wat minder geef bij de redaksje komt. Mar meastentiids snappe se it wol en meitsje se der geef Frysk fan. Tige tank!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.