Waarpraatsje: Wiete woansdei

maaie 7, 2019 18:42

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kâlde nacht en in rêstige tiisdei, mei op guon plakken sa út en troch in bui, sjocht it der foar woansdei net al te goed út mei it waar.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei rekket de loft stadichoan berûn. By in swakke oant matige súdeastewyn leit de temperatuer om de 5 graden hinne.

Woansdei reint it in skoft, mar yn ‘e middei binne der ek opklearringen. Der kin dan wol in inkelde bui, miskien wol mei tonger, falle. De wyn komt út it súdeasten en is matich, boppe de Iselmar en yn it Waadgebiet frij krêftich. Letter giet de wyn nei it súdwesten. It wurdt 11 graden.

Nei woansdei bliuwt it earst ritich.

Bysûnder: Wy ha fan moandei op tiisdei in kâlde nacht hân. Yn Ljouwert waard it 0,3 graad en op Skylge lei de temperatuer mei -0,1 krekt ûnder it friespunt. Dat is foar in eilân yn maaie nochal bysûnder.

Jan Brinksma

maaie 7, 2019 18:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.