Waarpraatsje: Tiisdei ek sinne

maaie 13, 2019 19:07

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kâlde nacht (Ljouwert 0,3) wie it moandei in dei mei in hiel soad sinne. Foar tiisdei sjocht it waar der ek kreas út.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is it helder mar der is ek hege bewolking. By in swakke noarde- oant noardeastewyn leit de temperatuer tusken de 2 en 5 graden.

Tiisdei skynt de sinne, op sa út en troch wat hege bewolking nei, hast de hiele dei. De matige wyn komt út it noardeasten. De temperatuer leit om de 12 graden hinne.

Fan woansdei ôf komt der stadichoan mear bewolking. De temperatuer giet noch wol wat fjirder omheech.

Jan Brinksma

maaie 13, 2019 19:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.