Waarpraatsje: Stadichoan mear bewolking

maaie 15, 2019 18:35

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei al wer in hiel kreaze dei mei in soad sinne. Fan tongersdei ôf komt der mear bewolking.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it helder. By in swakke oant matige noardeastewyn wurdt it 5 graden.

Tongersdei is der earst sinne, mar stadichoan rekket de loft berûn. Der is in lytse kâns op wat rein. De noardeastewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit om de 16 graden hinne, mar sakket yn ‘e rin fan ‘e dei wat.

Freed feroaret der net folle oan it waar, mar de sinne sille wy wol in stik minder sjen.

Jan Brinksma

maaie 15, 2019 18:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.