Waarpraatsje: Simmer

maaie 31, 2019 19:30

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in freed mei noch flink wat bewolking krije wy in waarm wykein mei in soad sinne. Koartsein: simmer!

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it helder. De swakke wyn komt út it suden oant súdwesten. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet wat mear wyn. It wurdt 11 graden.

Sneon skynt de sinne de hiele dei. Der is sa út en troch wol wat hege bewolking. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it tusken de 18 graden op de Waadeilânen en 24 graden in it grutste part fan de provinsje. Snein feroaret der net folle oan it simmerwaar. Der is op ‘e nij in soad sinne en mei temperaturen tusken de 20 en 26 graden wurdt it noch wat waarmer.

Nei it wykein kuollet it wat ôf.

Jan Brinksma

maaie 31, 2019 19:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.