Waarpraatsje: Oergong nei waarm simmerwaar

maaie 30, 2019 19:18

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in foar it grutste part skiere Himelfeartsdei mei ek noch in flink stik wyn krije wy no inkelde waarme simmerdagen.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich, by de kust lâns matich oant frij krêftich. De temperatuer leit om de 12 graden hinne.

Freed is der earst miskien noch bewolking,mar geandewei sille wy hieltyd mear de sinne sjen. By in swakke oant matige weste- oant súdwestewyn wurdt it goed 20 graden.

Sneon en snein wurdt it noch waarmer. It bliuwt boppedat drûch.

Jan Brinksma

maaie 30, 2019 19:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.