Waarpraatsje: Oergong nei ritich waar

maaie 24, 2019 18:30 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in strieljende freed wurdt it fan sneon ôf stadichoan ritich en frisser.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon rekket de loft foar it grutste part berûn. De wyn komt út it noarden en is swak, by de kust lâns matich. It wurdt 10 graden.

Sneon is de loft earst berûn en soe it wat reine kinne. Yn ‘e rin fan ‘e dei sil de sinne grif ek noch te sjen wêze. By in swakke wyn út ferskate rjochtingen leit de temperatuer tusken de 15 en 18 graden.

Snein feroaret der net folle oan it waar. De loft is foar it grutste part berûn en wy hâlde it, nei alle gedachten, net hielendal drûch. Met in graad as 18 is it noch wol noflik.

Nei it wykein bliuwt it ritich en giet de temperatuer omleech.

Jan Brinksma

maaie 24, 2019 18:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.