Waarpraatsje: Oanhâldend ritich

maaie 8, 2019 19:34

Ousterhaule. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It bleau woansdei folle langer drûch as ferwachte waard, mar lang om let hat it dochs noch wat reind. It bliuwt de earste dagen ritich.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. By in swakke oant matige sudewyn wurdt it 6 graden.

Tongersdei is der earst sinne mar letter komme der hingelwolken en yn ‘e middei kin der in bui falle, mei in lytse kâns op tonger. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is swak oant matig. Yn ‘e rin fan ‘e dei giet de wyn nei it westen. De temperatuer leit om de 13 graden hinne.

Freed bliuwt it, nei alle gedachten, ek net drûch.

Jan Brinksma

maaie 8, 2019 19:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.