Waarpraatsje: Noch in pear dagen drûch

maaie 14, 2019 18:34

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze tiisdei mei wol wat hege bewolking, bliuwt it noch in pear dagen drûch. Foaral yn it wykein is der kâns op in (tonger)bui.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is it helder. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer tusken de 2 en 5 graden.

Woansdei is der flink wat sinne, mar der ûnsteane ek hingelwolken. De wyn komt út it noardeasten en is matich. De temperatuer leit om de 15 graden hinne.

Tongersdei is it noch drûch. Fan freed ôf wurdt it wat ritich mar ek noch wat waarmer.

Jan Brinksma

maaie 14, 2019 18:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.