Waarpraatsje: Net folle sinne

maaie 20, 2019 18:58

Snits. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei in frij mylde dei, mar de sinne hie it dreger as ferwachte. Tiisdei sille wy de sinne ek net folle sjen.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is der in soad lege bewolking en kin it dizenich of dampich wurde. By in matige noardwestewyn wurdt it 10 graden.

Tiisdei is de loft berûn. De kâns op (wat) sinne is net al te grut. De wyn komt út it noardwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om de 15 graden hinne.

Fan woansdei ôf is der wer wat mear sinne, mar strieljend wurdt it foarearst net.

Jan Brinksma

maaie 20, 2019 18:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.