Waarpraatsje: Kreaze tongersdei

maaie 22, 2019 19:10

Swannenêst. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei in dei mei mear bewolking as sinne, mar lykwols in kreaze dei. Tongersdei sjocht der ek goed út.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it frij helder. De wyn is swak en komt út ferskate rjochtingen. Letter yn ‘e nacht giet de wyn nei it suden en hellet wat oan. De temperatuer leit om de 5 graden hinne.

Tongersdei is der earst in soad sinne mar der is geandewei wol kâns op hege bewolking. By in swakke oant matige sudewyn leit de temperatuer tusken de 17 en 21 graden. Yn ‘e rin fan ‘e dei giet de wyn nei it súdwesten en wurdt matich.

Freed is der minder sinne, mar it bliuwt noch wol oan de mylde kant.

Jan Brinksma

maaie 22, 2019 19:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.